Tsjerke fan de Hillige Trije-ienheid oan de Borisovo-fivers

De Tsjerke fan de Hillige Trije-ienheid oan de Borisovo-fivers (Russysk: Храм Троицы в Орехове-Борисове, Chram Troitsi v Orekhove-Borisove) is in Russysk-otterdoks tsjerkegebou yn Moskou. De tsjerke waard tusken 2001 en 2004 boud yn it stedsdiel Orechovo-Borisovo Noard en is ien fan 'e gruttere nijboutsjerken yn Ruslân út it nije millenium.

Tsjerke fan de Hillige Trije-ienheid oan de Borisovo-fivers
Lokaasje
lân Ruslân
plak Moskou
koördinaten 55° 37' N 37° 42' E
Tsjerklike gegevens
patriarchaat Moskou
Arsjitektuer
arsjitekt Vladimir Kolosnitsin
boujier 1555-1561
boustyl Neobyzantynske arsjitektuer
Webside
1000let.ru
Kaart
Tsjerke fan de Hillige Trije-ienheid oan de Borisovo-fivers (Moskou-Ringwei)
Tsjerke fan de Hillige Trije-ienheid oan de Borisovo-fivers

It beslút om de Trije-ienheidstsjerke te bouwen foel yn 1988, it jier dat it 1000-jierrich jubileum fan it kerstenjen fan Ruslân fierd waard. De tsjerke soe lykwols likernôch 1,5 km westliker fan 'e hjoeddeiske lokaasje boud wurde. Op 13 juny 1988 segene patriarch Pimen I de earste stien fan de te bouwen tsjerke, mar om ferskillende redenen waard de bou stil lein. Ien dêrfan wie dat it plan út it begjin fan 'e jierren 1990 om de Kristus-Ferlosserkatedraal wer op te bouwen hegere prioriteit krige as in grutte tsjerke yn ien fan 'e Moskouse bûtenwiken. Dêr waard yn 1995 mei útein set.

 
Dûbelkoppige earn op 'e hoeke fan 'e sintraalbou

It duorre oant yn septimber 2001 dat der wer útein set waard mei de Trije-ienheidstsjerke.

Yn 'e maitiid fan 2004 wie de bou fan de tsjerke foltôge en koe in team fan ikoaneskilders fan 'e Russyske Keunstakadeemje ûnder lieding fan Vasili Nesterenko begjinne mei it oanbringen fan 'e fresko's yn 'e tsjerke. Ek waard der in grutte keramyske ikonostaze boud troch keunstners ûnder lieding fan Joeri Volkotrûb út Sint-Petersburch. Alle ikoanen fan 'e ikonstaze binne makke fan Anna Kalinina út Moskou, ien fan 'e bêste ikoaneskilders út Ruslân. Ek Elena Knjazeva skildere ikoanen foar de tsjerke. Beide froulju krigen foar harren wurk foar de tsjerke in ûnderskieding fan 'e Russysk-Otterdokse Tsjerke.

Op 19 maaie 2004 waard de tsjerke troch patriarch Aleksius II ynwijd yn bywêzigens fan in grut tal metropoliten en geastliken en soad otterdokse parochianen.

De tsjerke is in neobyzantynsk bouwurk fan it type dêr't oan 'e ein fan 'e 19e iuw meardere tsjerken fan boud binne. It is in sintraalbou op in grûnplan fan in Gryksk krús mei in hege koepel en fjouwer apsissen. De hichte oant it krús op de koepel is 70 meter. Yn 'e krypte is in doopbekken foar it dopen fan folwoeksen minsken.

By de tsjerke heart in kapel, dy't oan de Russyske foarst Aleksander Jaroslavitsj Nevski wijd is, in sneinsskoalle en in klokketoer.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Храм Троицы в Орехове-Борисове