Kristus-Ferlosserkatedraal (Moskou)
De Kristus-Ferlosserkatedraal (Russysk: Храм Христа Спасителя, Chram Chrysta Spasitelja) is in Russysk-Otterdoks godshûs oan 'e Moskwa, justjes westlik fan it kremlyn fan Moskou yn 'e Russyske Federaasje.
Kristus-Ferlosserkatedraal | ||
Lokaasje | ||
lân | Ruslân | |
plak | Moskou | |
koördinaten | 55° 44' N 37° 36' E | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 1839-1883 weropbou 1995- | |
monumintale status | Kultureel monumint fan federaal belang | |
monumintnûmer | 7710342000 | |
Webside | ||
shm.ru/museum | ||
Kaart | ||
It hjoeddeiske tsjerkegebou is in kopy fan 'e yn 1931 yn opdracht fan Jozef Stalin opblaasde katedraal.
Bou
bewurkje seksjeNei't yn 1812 de troepen fan 'e Grande Armée fan Napoleon ôfdrosten, tekene tsaar Aleksander I in manifest mei it foarnimmen dat der ta neitins oan 'e offers fan it Russyske folk in oan Kristus de Ferlosser wijde katedraal boud wurde soe. Yn 1817 waard in ûntwerp foar in neoklassistysk ûntwerp goedkard, mar it die bliken dat it plak dêr't de bou op de Moskenheuvels plakfine soe net geskikt wie.
Yn 1825 folge Nikolaas I syn broer op. De otterdokse Nikolaas wie net sa wei fan it eardere ûntwerp mei frijmitselderijsymbolyk en frege Konstantyn Thon in nij ûntwerp te meitsjen. Dy oriïntearre him by syn ûntwerp op 'e Hagia Sofia yn Konstantinopel. De tsaar wie tefreden oer it ûntwerp en yn 1837 waard in plak tichter by it kremlyn útkeazen as de nije boulokaasje. Om't in kleaster en de kleastertsjerke op it nije plak ferhûze wurde moast, sette de bou earst yn 1839 útein.
De bou duorre jierren en op de kroaningsdei fan Aleksander III (26 maaie 1883) waard de katedraal ynwijd. Oan 'e dekoraasjes hawwe in tal ferneamde keunstners wurke, lykas Vasili Soerikov en Ivan Kramskoj.
Russyske Revolúsje
bewurkje seksjeNei de Russyske Revolúsje waarden alle godstsjinten troch de Kommunistyske Partij offisjeel ôfskaft. Sadwaande wie der gjin plak mear foar "nutteleaze" tsjerken en kleasters. Ek de katedraal moast ferdwine en op dat plak seach Stalin leaver in kommunistysk monumint. Hy skreau in wedstriid út, dêr't ek Le Corbusier oan mei die. It winnende ûntwerp wie fan Boris Iofan, dy't foar it stee in wolkekliuwer tekene mei in 100 meter heech stânbyld fan Lenin dêrboppe. It bouwurk, dat de einoerwinning fan it kommunisme symboalisearje en it Paleis fan 'e Sovjet hjitte moast, soe 415 meter heech wurde. Dêrmei soe dat it heechste bouwurk fan 'e wrâld wurde en sels noch heger as it Empire State Building.
Yn juny 1931 waard mei de sloop fan 'e katedraal útein set. De lêste resten fan 'e katedraal waarden mei in pear preesters dy't wegeren it gebou te ferlitten opblaasd. Der waard útein set mei de bou, mar der wie by it ûntwerp gjin rekken holden mei it kwelwetter fan 'e Moskva en it die bliken dat de lokaasje ûngeskikt wie foar sa'n grut bouwurk. Yn 1953 waard it projekt definityf troch Nikita Chrûsjtsjov ôfblaasd.
De boupunt waard yn in gemeentlik swimbad feroare, dat troch de Moskoviten oant 1993 brûkt waard. Fragminten en reliëfs fan 'e ôfbrutsen katedraal binne noch te sjen yn 'e eastlike muorre fan it Donskoj-kleaster .
Weropbou
bewurkje seksjeNei de fal fan 'e Sovjet-Uny waarden al rillegau in soad beheinings foar de Russysk-Otterdokse Tsjerke romme. Boris Jeltsin joech yn 1990 tastimming om op deselde lokaas de Kristus-Ferlosserkatedraal op 'e nij te bouwen. Der waard yn 1992 in fûns stifte en al yn 1994 waard in fundearring lein.
De bou fan de nije katedraal duorre minder lang, fan 1994 oant en mei 1997, hoewol't der oan it ynterieur langer trochwurke is. De katedraal soe út in ûndertsjerke en in boppetsjerke bestean. De ûndertsjerke waard yn 1996 wijd oan 'e Transfiguraasje. De hiele katedraal waard op 19 augustus 2000 wijd. It grûnoerflak fan it gebou is sa'n 9.000 m² en de katedraal jout dêrmei romte oan likernôch 10.000 minsken. De kosten fan it projekt waarden rûsd op US$ 200 miljoen.
Oars
bewurkje seksjeNjonken de Transfiguraasjetsjerke is in museum oer de tsjerkeskiednis en de skiednis fan 'e katedraal.
-
Detail portaal
-
Portaal
-
Koepel
-
Konstantyn de Grutte
-
Sint-Helena
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Kristus-Ferlosserkatedraal fan Wikimedia Commons. |