Empire State Building

It Empire State Building is mei 381 meter de heechste wolkeskraber yn New York, en stiet tredde op de list fan heechste gebouwen fan de Feriene Steaten. De namme fan it gebou, dat op de krusing fan West 34th Street en Fifth Avenue stiet, komt fan de bynamme fan de steat New York: The Empire State. It gebou wie fan 1931 oant de bou fan de twillingtuorren fan it World Trade Center yn 1971 it heechste fan de wrâld. Sûnt de ferwoasting fan it World Trade Center as gefolch fan de oanslaggen op 11 septimber 2001, is it Empire State Building dan wol wer it heechste gebou yn New York, mar it predikaat fan "heechste gebou fan de wrâld" is wyls al meardere kearen oan wer in oare rekordbrekker tafallen, mei yn 2010 as koprinner de Burj Khalifa yn Dûbai.
Troch de American Society of Civil Engineers waard de wolkeskraber útroppen ta ien fan de sân moderne wrâldwûnders. Op 18 maaie 1981 waard it troch de New York City Landmarks Preservation Commission ta landmark ferklearre. It gebou waard op 17 novimber 1982 opnomd yn it National Register of Historic Places en waard op 24 juny 1986 taheakke oan de list fan National Historic Landmarks.

It Empire State Building yn augustus 2007

Iere bebouwing

bewurkje seksje
 
It Waldorf-Astoria Hotel ± 1915

It gebiet dêr't no it Empire State Building stiet, waard yn 1799 oan John Thompson ferkocht foar $2.600. Hy boude in pleats op it stee dat grinzje soe oan Sixth Avenue yn it westen, Madison Avenue yn it easten, 33rd street yn it suden en 36th street yn it noarden.

Yn 1897 iepene it Waldorf-Astoria Hotel syn doarren op it plak fan it Empire State Building. Yn 1928 waard it hotel ferkocht oan de Bethlehem Engineering Corporation foar in skatten bedrach fan $20.000.000. It bedriuw woe it Waldorf-Astoria Office Building op it perseel sette, in kantoargebou, dat troch Shreve, Lamb and Harmon ûntwurpen wurde soe. Bethlehem Engineering wie lykwols net by steat om it gebou ôf te beteljen en de deal gie net troch. Sadwaande kocht John Raskob mei in groep oare ynvestearders it perseel.

Untwerp en bou

bewurkje seksje
 
In wurker by de bou, op de eftergrûn it Chrysler Building

De bou fan it Empire State Building makke diel út fan de kompetysje yn New York, om it heechste gebou fan de wrâld te bouwen. Dizze kompetysje gie oarspronklik tusken 40 Wall Street en it Chrysler Building. Mar op 29 augustus 1929, noch foar de foltôging fan beide gebouwen, kundige Alfredus Smith de plannen foar it Empire State Building oan, dat 320 meter heech wurde moast en mear as 186.000 kante meter oan kantoarromte krije soe, ferdield oer 85 ferdjippings.

Om it gebou finansiere te kinnen foarme de groep, besteande út John Jakob Raskob, Coleman du Pont, Pierre S. du Pont, Louis G. Kaufman en Ellis P. Earle, de koöperaasje Empire State Inc. mei Alfredus Emmanuel Smith as direkteur. It gebou waard lykwols erchtinkend ûntfongen troch de kritisy. It projekt wie nammentlik hielendal basearre op spekulaasje en de lokaasje luts net folle ynteresse fan kommersjele ûntwikkelders. It lei net yn ien fan de besteande kantoargebieten en lei ûngeunstich ten opsichte fan de metrolinen en spoarwegen.

Foardat mei de bou begûn wurde koe, moast earst it Waldorf-Astoria Hotel ôfbrutsen wurde. De sloop begûn op tiisdei 1 oktober 1929, mar fjouwer wiken foar de beurskrach fan 1929. Op 22 jannewaris 1930 waard begûn mei de útgraving fan it gebiet dêr't it gebou te stean komme soe, sadat op 17 maart de konstruksje fan it gebou sels begjinne koe. Mei de Grutte Depresje waarden in soad bouprojekten stillein. De bou fan it Empire State Building koe lykwols trochgean en meidat de depresje foar hege wurkleazens soarge, wienen der foar de bou in soad motivearre wurkers te finen. By de bou riisde it stielen geramt mei in snelheid fan 4,5 ferdjippings yn de wike. It mitselwurk foar it gebou, dat yn juny 1930 begûn wie, waard op 13 novimber fan datselde jier foltôge. Nei 1 jier en 45 dagen, wie it bouwen dien. Op 1 maaie 1931 iepene destiidsk presidint Herbert Hoover it gebou troch út syn kantoar wei, yn Washington D.C., op in knop te drukken wêrtroch't de ljochten fan it Empire State Building oan gienen.

It gebrek oan hierders nei de iepening soarge der foar, dat it gebou it "Empty State Building" neamd waard. Yn 1951 waard it lykwols foar $34.000.000 ferkocht oan in groep, dy't laat waard troch Roger L. Stevens. Tagelyk kocht Prudential Financial it gebou, foar $17.000.000 mei erfpacht. Trije jier letter, yn 1954, waard it gebou foar $51.500.000 ferkocht oan in groep ûnder lieding fan Henry Crown.

Fleantúchûngelok

bewurkje seksje

Op 28 july 1945, om 9:40 fleach in B-25 Mitchell, stjoerd troch luitenant kolonel William Franklin Smith, Jr., yn dikke mist de 79ste ferdjipping binnen, wêrby't de kantoaren fan de War Relief Services en de National Catholic Welfare Council ferwoaste waarden. It fleantúch wie fanôf Newark opwei nei Bedford, mar kaam by New York yn de mist terjochte. Sadwaande fleach it fleantúch fan 10.000 kilogram yn de noardlike gevel, dêr't it in gat fan 5,5 bij 6,1 meter makke tusken de 78ste en 79ste ferdjipping. Dêrby kamen yn totaal 14 minsken om, 11 minsken dy't yn it gebou oanwêzich wienen en alle trije bemanningsleden. By de ympakt fleach ien fan de motors wei en lanne op it dak fan in tichtbylizzend gebou. De oare motor en in diel fan it lanningsgestel foelen yn in liftskacht nei ûnderen.

De arsjitekt

bewurkje seksje

Arsjitekteburo Shreve, Lamb & Harmon Associates ha de wolkeskraber ûntwurpen; se moasten dit yn koarte tiid dwaan omdat de druk fan John Raskob tige heech wie. Yn deselde perioade hat it arsjitekteburo noch oare gebouwen ûntwurpen, de measte wienen wolkekliuwers mei deselde styl as it Empire State Building, wat ynhâldt dat de ramen allegear rjocht ûnder elkoar sitte en smel binne, der hichteferskil is binnen it gebou (de sydkanten binne tuorkes dy't ôfnimme) en der oan de bûtenkant in soad sânkleurige stien tapast wurdt.

Oare gebouwen fan it arsjitekteburo:

De gebouwen binne boud yn in tiid dat New York in tige grutte bloei trochmakke. Der wie dus in soad fraach nei kantoarromte wylst net folle grûn beskikber wie. Dêrom moasten de gebouwen heech wurde en ek funksjoneel.

Sicht op New York fanút Empire State Building

Nijsgjirrige feiten

bewurkje seksje
 
Oanlismêst foar in zeppelin Empire State Building
  • It hat 102 ferdjippings.
  • De bou duorre 410 dagen.
  • It is no in histoarysk monumint.
  • De aluminiumtoer op it dak fan it gebou (dêr't no de antenne op stiet) wie oarspronklik bedoeld as oanlismêst foar loftskippen.
  • Fan de 73 liften giet der net ien streekrjoch omheech. Der moat twaris oerstapt wurde.
  • Yn de Art Deco lobby by de liften is in ôfbyld fan de wolkeskraber te sjen.
  • It hat in apart skema wannear't it yn ferskillende kleuren ferljochte is.

Keppeling om utens

bewurkje seksje