It Aleksejevski-kleaster (Russysk: Алексеевский монастырь, Aleksejevski monastir) is in otterdoks nonnekleaster yn 'e Russyske stêd Uglitsj (oblast Jaroslavl). It kleaster waard mei tastimming fan prins Dimitri IV fan Ruslân yn 1371 troch de muonts Adrian op oanwizing fan 'e metropolyt Aleksius fan Moskou stifte.

Aleksejevski-kleaster

Алексеевский монастырь

Lokaasje
lân Ruslân
oblast Jaroslavl
plak Uglitsj
koördinaten 57° 31' N 38° 19' E
Kleastergegevens
denominaasje Russysk-Otterdokse Tsjerke
oprjochting 1371
Ynformaasje bou
boujier 17e en 19e iuw
monumintale status Federaal monumint
monumintnûmer [1]
Webside
Side fan it kleaster
Kaart
Aleksejevski-kleaster (Jeropeesk Ruslân)
Aleksejevski-kleaster
 
It kleaster foar 1917.

It kleaster waard oarspronklik omfrede troch houten palissades om it te beskermjen tsjin oanfallen fan ôf de wei nei Jaroslavl. Ynearsten krige it kleaster de namme Marije-Himelfeart, mar nei de hillichferklearring fan Aleksius waard it oan him wijd. Yn 1534 waard in stiennen tsjerke boud, de earste bûten it de muorren fan it kremlyn fan Uglitsj.

Yn 1609 moast it kleaster fûl ferdigene wurde tsjin de Poalsk-Litouske ynvallers ûnder lieding fan Jan Pjotr Sapieha. Alle muontsen waarden doe ombrocht. Nei't de ynvallers ferjage wiene, boude men de Marije-Himelfearttsjerke. It is ien fan 'e earste stiennen bouwurken dy't nei de Tiid fan Unstjoer boud waard. Yn dy tiid mocht it de skatkist fan Ruslân net barre om grutte bouprojekten út te fieren.

Nei de ferneatiging fan it Pakrovski-kleaster troch de bou fan in wetterkrêftsintrale yn 'e jierren 1930 is de Marije-Himelfearttsjerke it âldste gebou fan Uglitsj. De streltsy dy't yn 1698 yn opstân kamen tsjin Peter de Grutte waarden hjir finzen set.

 
Marije-Himelfearttsjerke.

Tsjerke fan de Himelfeart fan de Hillige Faam (1628)

bewurkje seksje

De opfallende Tsjerke fan 'e Himelfeart fan 'e Hillige Faam wurdt bekroand mei trije spitsen dy't einigje mei lytse sipels. Yn 1650 ferbea patriarch Nikon de bou fan dat type tsjerken, om't de arsjitektuer net neffens de tradysje wie. Oan 'e eastlike kant hat de tsjerke trije apsissen. Foar de tsjerke is it refektoarium oanboud, wêrfan it ferwulft troch in sintrale pylder droegen wurdt. De dekoraasje fan 'e tsjerke is ienfâldich en net útwrydsk. De tsjerke waard yn 'e jierren 1956-1961 restaurearre en werom brocht yn 'e oarspronklike steat. Yn 'e tsjerke wurdt de meast fereare ikoan fan Uglitsj bewarre, de ikoan fan 'e Hillige-Jongfaam-mei-de-net-te-dôfjen-kjers. De ikoan toant Marije yn it habyt fan in non mei in stêf yn 'e lofter hân en in baarnende kers yn de rjochter.

Tsjerke fan de Unthalzing fan Jehannes de Doper (1681)

bewurkje seksje
 
Tsjerke fan 'e Unthalzing fan Jehannes de Doper.

De lytse Tsjerke fan 'e Unthalzing fan Jehannes de Doper waard yn 1681 boud. De tsjerke is fersierd mei porsleinen tegels. Yn 'e 19e iuw fûn der in ferbouwing plak. Ynstee fan twa apsissen hat de tsjerke tsjintwurdich in grutte rûne apsis. De westlike kant fan 'e tsjerke is orizjineel bleaun.

Aleksiustsjerke (1829)

bewurkje seksje

De klassisistyske Aleksiustsjerke ferfong yn 1829 in âldere tsjerke út de 16e iuw, mar waard yn 1930 foar in grut part sloopt en foar in keunstgalery geskikt makke. Yn 1997 is it gebou werom jûn oan de Tsjerke. De tsjerke is noch net yn de oarspronklike steat werom brocht.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Алексеевский монастырь (Углич)