Tsjerke fan de Profeet Elía (Jaroslavl)
De Tsjerke fan de Profeet Elía is in otterdokske tsjerke yn it sintrum fan 'e Russyske stêd Jaroslavl. De tsjerke tsjûget fan 'e rike Jaroslavlse tsjerke-arsjitektuer út de 17e iuw en makket mei oare tsjerken ûnderdiel út fan in museum fan Jaroslavl.
Profeet Elíatsjerke
Ильинская церковь | ||
Lokaasje | ||
lân | Ruslân | |
oblast | Jaroslavl | |
plak | Jaroslavl | |
adres | Sovetskala pl. 7 | |
koördinaten | 57° 37' N 39° 53' E | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 1647-1650 | |
Kaart | ||
Sûnt 1991 wurde der ek wer regelmjittich tsjerketsjinsten fierd.
Skiednis
bewurkje seksjeDe tsjerke waard op it plak fan twa âldere houten tsjerken (in Elíatsjerke en in Foarbeatsjerke) boud yn opdracht fan twa keaplju, de bruorren Jehannes en Bonifatius Skripnin, dy't mei de hannel yn pearels en ealstiennen ta grutte rykdom kamen. Oan 'e bou fan 'e tsjerke wurken lju út Jaroslavl en omkriten, wêrfan't de nammen fierder net bekend binne. Foar de tsjerke joech patriarch Joazef I in relyk fan 'e Hillige Rôk fan Kristus, dy't bewarre waard yn 'e Moskouske Untsliepeniskatedraal. Sa út en troch waarden der dieltsjes fan 'e Hillige Rôk nommen en jûn as in teken fan in spesjale geunst, oant dêr it near op lein waard. Foar dit spesjale relyk lieten de bruorren in kapel tafoegje, dy't bekroand waard mei in spits.
Under de grutte stedsbrân yn 1658 wist it fjoer de tsjerke skea ta te bringen, mar yn tsjinstelling ta in soad oare tsjerkjen bleau it ynterieur fan 'e Elíatsjerke sparre. De tsjerke waard yn 1680 mei keunstners út Jaroslavl troch de ferneamde skilders Gûrji Nikitin en Sila Savin út Kostroma yn in tiidsbestek fan minder as trije moannen folslein mei fresko's beskildere. Oarspronklik wiene de koepels fan 'e tsjerke belein mei griene tegels, dy't yn 'e sinne blikkeren, mar yn 'e 18e iuw waarden de tegels ferfongen troch bekilderde skubben.
Yn 1778 ûndergyng de stêd Jaroslavl in werynrjochting en de Elíatsjerke waard keazen om as sintrum te tsjinjen fan de stedsring, dy't om de tsjerke hinne oanlein waard. It stek mei tegels fan blommen en bisten om de tsjerke waard yn 1896 neffens it ûntwerp fan Andrej Pavlinov boud.
20e iuw
bewurkje seksjeBy de opstân fan Jaroslavl rekke de Elíatsjerke by besjittings yn 1918 skansearre en yn 1920 waard de tsjerke sletten foar de earetsjinst en oerdroegen oan it museum. De tsjerke soe yn 1930 it lot diele fan 'e katedraal fan Jaroslavl, mar meiwurkers fan it museum slaggen der yn om ôfbraak tefoarren te kommen. Yn 'e jierren 1938-1941 waarden de reliken fan oare tsjerken yn Jaroslavl nei de Elíatsjerke brocht, dy't troch it Ferbûn fan Militante Ateïsten omset waard ta in anti-religieus museum. De slinger fan Foucault ûnder de koepel waard ferwidere.
Restauraasjes oan 'e tsjerke waarden yn 1898-1904, 1955-1956, 1960 en 1983 útfierd.
Yn 1989 waard it alter fan de profeet Elía op 'e nij ynwijd en sûnt wurde der simmerdeis wer tsjinsten yn de tsjerke holden.
As museum is de tsjerke fan maaie oant oktober iepen foar besikers.
Ofbylden ynterieur
bewurkje seksje-
Ikonostase
-
Galerij
-
Portaal
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: [:ru:Церковь Илии Пророка (Ярославль)]
|