Haadmenu iepenje

Marije-Himelfeartkatedraal (Moskou)

De Marije-Himelfeartkatedraal (Russysk: Успенский собор) ek: Uspenskykatedraal, is de grutste tsjerke yn it Kremlyn fan Moskou. It is it âldste folslein bewarre gebou fan de Russyske haadstêd. De bou fan de tsjintwurdige katedraal fûn yn de jierren 1475-1479 plak yn opdracht fan grutfoarst Ivan III. De katedraal spile in grutte rol by wichtige oangelegenheden yn de Russyske skiednis: yn de katedraal waarden fan 1547 oant 1896 de Russyske tsaren kroand en ek waarden hjir de metropoliten fan Moskou en de patriarchen fan de Russysk-Otterdokske Tsjerke byset.

Marije-Himelfeartkatedraal

Успенский собор

MoscowKremlin AssumptionCathedral S21.jpg
lokaasje
lân Flag of Russia.svg Ruslân
plak Flag of Moscow.svg Moskou
adres Kremlyn
bysûnderheden
type bouwurk Katedraal
boujier 1475-1479
arsjitekt Aristotele Fioravanti

SkiednisBewurkje

 
Rekonstruksje 14e iuwske tsjerke

De earste stiennen katedraal op dit plak waard yn de 14e iuw boud tidens it regear fan Ivan I. Dizze fan wite stien boude katedraal ferfong in houten tsjerke en wie de earste stienen tsjerke fan Moskou. Nei ferrin fan tiid waard de tsjerke boufallich en yn 1471 waard útein set mei de bou fan in nije katedraal. Op 20 maaie 1474 waard Moskou troffen troch in ierdskodding en de noch net foltôge katedraal rekke sa swier skeind dat alles wat der noch stie wer ôfbrutsen wurde moast. Ivan III noege doe de Italjaanske arsjitekt Aristoteles Fioravanti út om in nije katedraal te bouwen. Dizze katedraal waard op 12 augustus 1479 troch de metropolyt Gerontius ynwijd.

 
Grûnplan Marije-Himelfeartkatedraal

PlakBewurkje

De katedraal stiet frij op it heechste plak fan de Kremlynheuvel oan de noardlike kant fan it Katedraal-Plein (Соборная площадь). Oan de noardlike kant wurdt de katedraal troch in smelle stege fan it Paleis fan de Patriarchen en de Tsjerke fan de Tolve Apostels skieden. Op it súdeasten fan de katedraal stiet de klokketoer fan Ivan de Grutte en súdlik, oan de oare kant fan it plein, de Katedraal fan de Aartsingel Michaël. Súdwestlik fan de katedraal stiet it Fassettenpaleis.

Betsjutting foar de Russyske skiednisBewurkje

 
De kroaning fan Ruslân's lêste tsaar Nikolaas II yn de Himelfeartkatedraal (1898, Hermitage)

Sûnt de earste tsjerke fan 1327 hie de katedraal in representative funksje foar wichtige oangelegenheden. Oant 1918 wie it de kroaningstsjerke fan de grutfoarsten fan Moskou en letter de tsaren fan Ruslân, ek nei't Sint-Petersburch de nije haadstêd fan it ryk woarn wie. De katedraal wie ek de haadtsjerke fan de Eparchy Moskou en de Russyske otterdoksy en hjir waarden fan 1589 ôf alle metropoliten en patriarchen wijd en oant 1721 ek begroeven. Op de grutte bestjutting fan de katedraal wiist ek it grutte grûnbesit, dat de tsjerke besiet oant de nasjonalisaasje dêrfan yn 1765 troch Katarina de Grutte.

De katedraal yn de Sovjet-tiidBewurkje

Al gau nei de Oktoberrevolúsje waard de katedraal mei alle oare tsjerken yn it Kremlyn sletten foar de earetsjinst. De lêste otterdokske tsjinst waard op it otterdokske Peaskefeest op 5 maaie 1918 fierd. Yn 1922 naam it rezjym de tsjerkeskat yn beslach. De skat kaam foar in grut diel in musea telâne, mar guon foarwurpen waarden oan it bûtenlân ferkocht om sa oan devizen te kommen. Yn 1949-1950, 1960 en 1978 fûnen der restauraasjes oan de katedraal plak. Noch foar it Sovjet-systeem hielendal ynsakke fûn tidens de Perestrojka yn 1989 foar it earst wer in tsjerketsjinst plak. Yn 1991 waard de katedraal werom jûn oan de Russysk-Otterdokske Tsjerke.

BeskriuwingBewurkje

Fioravanti liet him by de bou fan de trijeskepige tsjerke beynfloedzje troch de Uspensky-katedraal fan Vladimir, mar yntrodusearre ek nije eleminten yn de bou. Nij yn de Russyske arsjitektuer wie de tapassing fan bakstien by de bou fan it ferwulft en de koepeltamboeren. Dit die de arsjitekt om't natuerstien swierder wie en mei de tapassing fan bakstien de kalkstiennen bûtenmuorren minder te dragen hiene. Ek de dekoraasjes oan de muorren binne fan kalkstien makke. De hiele katedraal stiet op in hege kalkstienen sokkel, dy't rêst op ikenhouten peallen.

 
Ikoan fan de Mem fan God fan Vladimir (tsjintwurdich Tretjavkov-Gallery
 
De rike beskildering fan it ynterieur

De âldste dielen fan de rike beskildering bleaune bewarre yn de Kapel fan Marije's Lofprizing. Dizze fresko's ûnstiene tusken 1479 en 1481. De oare fresko's yn de tsjerke datearje foar it measte út de jierren 1642-1643.

Ut it jier 1547 datearret de fiif ferdjippings tellende ikonostase, dy't doedestiids in ienfâldiger ikonostase út 1481 ferfong. De twa heechste lagen fan de ikonostase waarden yn de jierren 1626 en 1653-1654 tidens in ferbouwing fan de tsjerke tafoege. It sulveren en brûnzen beslach op de ikonostase waard net earder as nei de plondering fan de katedraal troch Napoleon's troepen oanbrocht. Yn de ikonostase waarden ek de wichtichste ikoanen út de troch de Moskoviten ferovere stêden ferarbeide. Ien fan de âldste foarbylden is in ikoan mei Sint-Joris út de 12e iuw, dy't Ivan IV yn 1561 út Veliky Novgorod nei Moskou helje liet. Links fan de keningsdoar siet oant 1919 ien fan de meast ferearde ikoanen fan de Otterdokske Tsjerke, dat oarsponklik út Vladimir stamde. Dit ikoan fan de Mem fan God fan Vladimir is in byzantynsk wurk út it twadde fearn fan de 12e iuw en wurdt sûnt 1926 yn de kolleksje fan de Tretjavkov-Gallery bewarre.

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: [1]