Patriargepaleis en de Tsjerke fan de Tolve Apostels
It Patriargepaleis en de Tsjerke fan de Tolve Apostels (Russysk: Патриарший дворец и церковь Двенадцати апостолов) foarmje in arsjitektoanysk gehiel yn it kremlyn fan Moskou noardlik fan 'e Untsliepeniskatedraal en de Klokketoer fan Ivan de Grutte. It paleis en de tsjerke waarden yn 'e jierren 1635-1656 yn opdracht fan patriarch Nikon boud. Oant yn 'e 18e iuw tsjinnen se as residinsje en hûstsjerke fan 'e patriargen fan Moskou. Tsjintwurdich is der yn 'e tsjerke in museum mei in eksposysje fan saken fan 'e Russysk-Otterdokske Tsjerke fan 'e 16e en 17e iuw.
Patriargepaleis en Tolve Apostelstsjerke
Патриарший дворец и церковь Двенадцати апостолов | ||
Lokaasje | ||
lân | Ruslân | |
plak | Moskou | |
koördinaten | 55° 45' N 37° 37' E | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 1635—1656 | |
monumintale status | Federaal monumint | |
monumintnûmer | 771810302110446 | |
Webside | ||
Museum Kremlyn fan Moskou | ||
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeYn 1325 krigen de otterdokse metropoliten foar it earst harren residinsje yn it Kremlyn fan Moskou. Dat wie yn 'e tiid fan it regear fan grutfoarst Ivan I, dy't krekt efkes earder it kremlyn bouwe litten hie. De doedestiidske metropolyt Petrus liet by de doe boude foargonger fan 'e Untsliepeniskatedraal syn houten residinsje bouwe. Dat wie it begjin fan 'e skiednis fan it kremlyn as it sintrum fan it geastlike libben fan it Moskoovje. Op dy earste houten residinsje folgen 1450 stiennen ferbouwings, dy't lykwols net lang stean bleaune. Oant yn 'e 16e iuw, doe't de titel patriarch yn 'e Otterdokske Tsjerke ynfierd waard, moasten dy bouwurken hieltiten wer by de faak foarkommende brannen op 'e nij boud wurde.
De tsjintwurdige residinsje ûntstie doe't Nikon patriarch wie. Hy woe in mear represintatyf ûnderkommen en krige foar dat doel fan tsaar Aleksej I noch in stik grûn om dat by de besteande lokaasje te foegjen en nei de sloop fan 'e âlde gebouwen dêr it hjoeddeiske paleis te bouwen. De bou duorre fan 1653 oant 1656 en stie ûnder lieding fan 'e Russyske arsjitekten Antip Konstantinov en Basjen Ogûrtsov, dy't twa desinnia earder ek it Terempaleis foar de tsaar bouwe mochten.
De nijbou oertrof de âlde bou net allinne wat arsjitektuer en ynrjochting oanbelange, mar foarme ek in nijmoadrige kombinaasje fan wengebouwen mei in tsjerke. Oarspronklik liet Nikon de tsjerke oan 'e apostel Filippus wije. Ien fan syn opfolgers, patriarch Joachim, liet de tsjerke lykwols wije oan it otterdokske feest fan 'e Tolve Apostels en sûnt draacht de tsjerke dy namme. Oant de dei fan hjoed tsjinnet it ûnderste diel fan 'e tsjerke as trochgong nei it hôf fan 'e patriarch.
De patriargen bleaune oan 1721 yn 'e residinsje wenjen, doe't it patriargaat yn 'e Russysk-Otterdokske Tsjerke wer opheft en troch de Ried fan 'e Hillige Synoade oernommen waard. Rillegau dêrnei rjochte dy yn it eardere patriargepaleis syn kantoarromten yn. De eardere ûntfangstseal fan 'e patriarch, de saneamde "Krúskeamer" krige fan 1763 ôf de funksje dêr't alle jierren de tarieding fan 'e salvingsoalje wie, in seremoanje dy't tsjintwurdich plak fynt yn it Donskoj kleaster. Grutte dielen fan 'e paleisromten tsjinnen doe al as publyk museum fan tsjerklike saken út de 17e iuw.
Nei de Oktoberrevolúsje yn 1917 liet de bolsjewistyske oerheid it eardere patriargepaleis en ek de tsjerke slute. De patriargeresidinsje rekke yn it ferjittelboek doe't it hiele kremlyn foar it publyk ferbean waard. Pas mei de weriepening fan it kremlyn yn 1955 en de iepening fan in grut tal gebouwen en tsjerken as musea, waard it paleis wer restaurearre en yn 1961 foar besikers iepene. It gebou is noch altyd in museum en der wurde saken útstald, dy't foaral út oare gebouwen fan it kremlyn stamme; dêrûnder ek dingen út tsjerken en kleasters dy't yn 'e jierren 1920 en 1930 op lêst fan Stalin ferneatige binne.
Paleis
bewurkje seksjeYn de tiid doe't it gebou as residinsje foar de patriarch tsjinne, leine de priveefertrekken fan de patriarch op de twadde boppeferdjipping fan de linker helte fan it gebou. De earste boppeferdjipping, dêr't tsjintwurdich de ekspysje fan it museum ûnderbrocht is, tsjinne as ûntfangstseal en foar gearkomsten. De romten dêrûnder wiene wurkromten en binne histoarysk net fan grut belang. Troch de yngong foar besikers fiert in trep nei de eksposysje op de earste ferdjipping.
It sintrale diel fan it museum is de eardere romte foar ûntfangsten, dy't as Krúskeamer (Крестовая палата) bekend stiet. It giet om in likernôch 280 m² grutte seal, dy't yn 'e oarspronklike steat werombrocht is. It ferwulft hat gjin dragende pylders nedich en is mei florale motiven beskildere. Fan dy seal út fiere ryk fersierde portalen nei oanbuorjende romten, dy't eartiids ek benammen represintative funksjes hiene.
Ien fan 'e meast ferneamde saken yn 'e Krúskeamer is de ûne, dêr't fan 1763 oant yn it begjin fan 'e 20e iuw de salvingsoajle foar bygelyks de doop of de salving (by kroaningsseremoanjes) tared waard. It wie it iennige plak yn hiel Ruslân dêr't dit barde, fan dêr wei waard de oalje nei de fierste streken yn Ruslân brocht en ek nei oare otterdokse lannen lykas Bulgarije en Servje. De tradysje libbet noch jimmeroan, al wurdt de oalje net mear yn it kremlyn, mar yn it Donkoj-kleaster makke. Njonken de ûne is der ek in tige keunstsinnige tsjettel foar it bewarjen fan 'e oalje te sjen. De ûne en de tsjettel binne troch Katarina de Grutte skonken.
Yn 'e Krúskeamer en ek yn it oanbuorjende refektoarium is in grut tal saken út de húshâlding fan it paleis en it hôf fan de tsaar te sjen. De wurkkeamer fan 'e patriarch is yn de oarspronklike steat fan 'e 17e iuw werombrocht. It oarspronklike meubilêr gyng lykwols yn 'e rin fan 'e tiid ferlern.
Tolve Apostelstsjerke
bewurkje seksjeEk de tsjerke is tsjintwurdich in ûnderdiel fan it museum fan it paleis. De 17e-iuwske ynrjochting fan 'e tsjerke bleau lykwols foar it grutste part net bewarre. In soad weardefolle saken út de tsjerke, foar safier dy net ferlern gien binne, waarden yn 'e 20 iuw nei de Wapenkeamer yn it kremlyn oerbrocht. Oant hjoeddedei wurde dêr noch altiten guon saken útstald. Itselde jildt ek foar saken út de eardere sakristy fan it patriargepaleis, lykas it tsjerklike tekstyl.
De mei ryk fykwurk dekorearre houten ikonostaze fan 'e tsjerke waard yn 1929 út it Himelfeartkleaster helle, ien fan 'e twa kremlynkleasters dy't yn 'e jierren 1920 troch de bolsjewiken ferneatige binne. Ek in tal ikoanen dy't yn de tsjerke hingje komme oarspronklik út oare sloopte tsjerken. Dêr binne ek wurken by fan 'e ferneamde ikoaneskilder Simon Usjakov.
De Tolve Apostelstsjerke waard oan it begjin fan 'e jierren 1990 werom jûn oan it patriargaat. Alle jierren, op 'e feestdei fan de Tolve Apostels op 13 july, wurdt der wer in fiering hâlden.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is foar in part of alhiel in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis [:de:Patriarchenpalast und Zwölf-Apostel-Kirche].
|