Tsjerke fan de Sillichprizings

De Tsjerke fan de Sillichprizings (Hebriuwsk: כנסיית הר האושר‎) is in roomsk-katolike tsjerke op de Berch fan de Sillichprizings by de Mar fan Galiléa tusken Tabgha en Kapernaüm yn Israel.

Tsjerke fan de Sillichprizings

כנסיית הר האושר

bouwurk
lokaasje
lân Israel
plak Kapernaüm
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 1936-1938
arsjitekt Antonio Barluzzi

De tsjerke leit op in lytse heuvel mei it útsjoch oer de Mar fan Galiléa, de tradisjonele "berch" dêr't Jezus de berchrede spriek. De hjoeddeiske tsjerke leit wat heger de heuvel op as de ruïnes fan in lytse tsjerke út de byzantynske tiid út de 4e iuw mei dêrûnder in út de rotsen houde systerne en nei it súdeasten de resten fan in lyts kleaster. In diel fan de orizjinele mozaïekflier is weromfûn en te sjen yn Kapernaüm.

It plak wurdt sûnt de 4e iuw fereare troch kristlike pylgers. Yn har reisferslach nei it Hillige Lân skreau de pylger Egeria út Bordeaux nei har beskriuwing oer de Fermannichfâldigingstsjerke yn likernôch 381: "Flak dêrby op in berch is de rots, dêr't de Ferlosser op klom en de sillichprizings útspriek". Sawol paus Paulus VI as paus Johannes Paulus II fierden de misse yn de tsjerke doe't hja nei it Hillige Lân pylgeren.

De moderne tsjerke waard tusken 1936 en 1938 boud by de lokaasje fan de 4e iuwske byzantynske ruïnes. It grûnplan is achthoekich, ien hoek foar eltse sillichprizing. De tsjerke is neo-byzantynsk fan styl mei moarmeren wanden en in gouden mozaïek yn de koepel. Om it alter hinne binne op de flier mozaïeken fan de symboalen fan de sân deugden oanbrocht. De tsjerke waard ûntwurpen troch de ferneamde Italjaanske tsjerke-arsjitekt Antonio Barluzzi, yn opdracht fan Benito Mussolini.


Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: