Tsjerkekompleks oan de Piskarevski Prospekt

It Tsjerkekompleks oan 'e Piskarevski Prospekt wurdt foarme troch twa otterdokse tsjerkegebouwen oan 'e krusing fan 'e Piskarevski Prospekt/Bestûzjevskaja Ulitsa yn Sint-Petersburch, Ruslân. De grutte tsjerke is wijd oan 'e Berte fan Kristus en de wat lytsere tsjerke oan 'e Ferkundiging (Marije-Boadskip).

Tsjerkekompleks oan de Piskarevski Prospekt

Храмовый комплекс на Пискаревском проспекте

Lokaasje
lân Ruslân
plak Sint-Petersburch
koördinaten 59° 58' N 30° 25' E
Arsjitektuer
arsjitekt V.E. Zalevskaja
yngenieur Piskarevski Prosp/Bestûzjevskaja Ul.
boujier Ferkundigingstsjerke: 2001-2003
Kristus-Bertetsjerke: 2006-
Webside
Side fan de parochy
Kaart
Tsjerkekompleks oan de Piskarevski Prospekt (Sint-Petersburch-Sintrum)
Tsjerkekompleks oan de Piskarevski Prospekt

De parochy fan 'e tsjerke waard yn 1995 stifte en yn 1997 waard ynearsten in houten tsjerke delset. Dêrnei sette de parochy útein mei it ynsammeljen fan jild foar de bou fan in oan 'e Ferkundiging wijde stiennen tsjerke. Op 26 oktober 1999 lei aartsbiskop Aleksandr Bûdnikov de earste stien foar dy tsjerke. Sûnt 2001 koe de ûndertsjerke brûkt wurde en op 7 april 2003 waard de earste liturgy fierd yn de boppetsjerke.

De tsjerke waard boud yn in gebiet, dêr't hast gjin tsjerken stiene, útein wat kapellen op begraafplakken, en al gau die bliken dat de tsjerke te lyts waard. Sadwaande naam de parochy it beslút om krekt súdlik fan 'e Ferkundigingstsjerke in folle gruttere tsjerke te bouwen mei in kapasiteit fan tûzen minsken. Mei de bou fan 'e oan 'e Berte fan Kristus wijde tsjerke waard yn 2006 útein set. De tsjerke is yn 'e styl fan de Russyske katedralen út de tiid fan foar Peter de Grutte.

It inisjatyf foar de tsjerkebou wie ôfkomstich fan Anastasia Jûrjevna Gerbsjtein. Hja wie in rolstoelbrûker en de tsjerken binne goed tagonklik makke foar minsken mei in lichaamlike beheining. Foar minsken mei in beheining is der opfang om dêr in pear dagen te útfanhûzjen. Dêrnjonken is der in sneinsskoalle en wurdt der ûnderdak bean oan maatskiplike aktiviteiten.

De houten kapel út de begjintiid is demontearre en ferhûze nei Mûraveino (Муравейно; by de stêd Lûga, oblast Leningrad).

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Богоявленский монастырь (Углич)