De Berte fan Jezus wurdt yn de krystfertellings yn de evangeeljes Mattéus en Lukas yn it Nije Testamint beskreaun. De fertelling dy't tradisjoneel op krystjûn yn de tsjerken foarlêzen wurdt stiet yn Lukas 2:1-20.

'De Berte', Lorenzo Lotto (1523)

De berte- en berneferhalen fan Jezus ûntbrekke yn it âldere evangeelje fan Markus en it jongere evangeelje fan Jehannes, dêrfoar oer ferskille de ferhalen yn Mattéus en Lukas fan inoar wat ynhâld en tiid oanbelanget. Dêrom wurdt der ek wol fan út gien dat dy twa evangeeljes ûnôfhinklik fan inoar ta stân kamen en gruttendiels troch de evangelisten sels letter skreaun binne. Inkelde oerienstimmings binne op mûnlinge oerleverings werom te fieren, dy't de evangelisten oernamen en ferskillend op skrift setten:

  • Jezus waard berne tidens it regear fan kening Herodes de Grutte (Mattéus 2:1, Lukas 1:5).
  • Jezus waard berne yn Betlehim, de stêd fan David (Mattéus 2:5; Lukas 2:4).
  • Joazef en Marije setten harren mei de noch lytse Jezus yn Nazaret nei wenjen (Mattéus 2:22; Lukas 2:39)
  • Joazef en Marije wiene oan inoar fersein (Mattéus 1:18-20; Lukas 1:27).
  • Jezus waard troch de Hillige Geast út de jongfaam Marije berne (Mattéus 1:20; Lukas 1:35).
  • In ingel kundige de berte fan Jezus oan as de Messias út it Hûs fan David en de Soan fan God dy't de opjefte hie om syn folk fan de sûnde te rêdden (Mattéus 1:20-21; Lukas 1:31-35, 77).

De mienskiplike kenboarnen binne op de earste kristenjoaden werom te fieren, dy't harren beroppe op de joadske Tenach. Oan de hân fan meardere ferwizings nei de bibelske tradysje, tsjûgje hja allegearre: de joad Jezus fan Nazaret is de troch God útferkeazen Messias fan Syn folk Israel, dy't de profeten al folle earder oankundige hiene. Al mei de konsepsje en berte ferfolle JHWH, de God fan Israel en skepper fan de wrâld, de ûnthjitten oan it útkarde folk. Dêrmei is ek it troch de profeten profetearre oansteande keninkryk fan God yn dizze tydlike wrâld oanbrutsen, sadat de ingels tagelyk sjonge oer God's hearskippij en de frede fan de folken op de ierde.(Lukas 2:14)

Evangeelje fan Lukas

bewurkje seksje

Jezus' bernetiid wurdt yn it evangeelje fan Lukas foar, tidens en nei de bertes fan Jehannes de Doper en Jezus oant de âldens fan tolve jier beskreaun (Lukas 1:5-2:52). De ferdieling fan de ferhalen yn it evangeelje is as folget:

 
'Hillige Nacht' (Fritz von Uhde)
Tekst Ynhâld
Lukas 1:5–25 De berte fan Jehannes de Doper
Lukas 1:26–38 De berte fan Jezus oansein
Lukas 1:39–56 Marije op besyk by har nicht Elisabet
Lukas 1:57–66 De berte fan Jehannes de Doper
Lukas 1:67–80 De profesije fan Sacharías
Lukas 2:1–20 De berte fan Jezus
Lukas 2:21–40 Jezus wurdt nei de timpel brocht
Lukas 2:41–52 De tolvejierrige Jezus ûnderwiist de wetslearaars

De berteskiednis begjint yn Lukas mei de organisaasje fan in folkstelling yn opdracht fan keizer Augustus. Tegearre mei Marije ferliet Joazef, dy't ofstamde fan it skaai David, syn stee, om him yn te skriuwen yn David's stêd Betlehim. Marije wie al fierhinne en doe't hja yn Betlehim oankamen brocht hja har earstlingssoan op de wrâld. It berntsje waard bewuolle yn doeken en yn in fuorbak fan it fee lein, want hja koene yn Betlehim fierder gjin gewoan plak yn 'e herberge fine. Om't der oer in krêbe skreaun wurdt, wurdt der fakentiden oannommen dat it plak dêr't Jezus berne is in stâl west hawwe moat. Fakentiden wiene dy stâlen om Betlehim hinne út rots houd, sadat de fuorbak fan it fee ek in ienfâldige nis yn in grot west hawwe kin.

 
'De berte', Carlo Maratta

It grykske wurd κατάλυμα katályma kin as herberge, mar ek as keamer foar gasten oerset wurde. De iennige kear dat Lukas it wurd nochris brûkt is as de evangelist yn Lukas 22:11 de romte foar it Lêste Jûnsmiel beskriuwt. Dat wie neffens syn beskriuwing lykwols gjin herberge, mar in boppeferdjipping fan in gewoan hûs. As Lukas wol skriuwt oer in herberge yn de betsjutting fan in plak dêr't immen oernachtsje kin, brûkt er it wurd πανδοχεῖον pandocheÎon, lykas yn Lukas 10:34. Dêrút is ek wol opmakke dat Jezus net yn in stâl, mar op in boppeferdjipping sûnder tarikkend meubilêr berne is. Foar it jonkje soe dan ynstee fan in widze in fuorrebak opsteld wêze.

Hoeders holden yn 'e omkriten fan Betlehim de wacht op harren fee en krigen nei de berte fan Jezus besite fan in ingel, dy't har de grutte bliidskip ferkundige dat de Ferlosser yn Betlehim berne wie. Nei de oankundiging ferskynde in himelsk leger, dat God's lof song mei de wurden: Eare oan God yn 'e heechste himel, en frede op ierde, no't God yn minsken wolbehagen hat. De hoeders makken dat hja gau yn Betlehim kamen en huldigen dêr it Bern. Dêrnei brochten de hoeders it nijs fierder oan wa't it hearre woe.

Op de dei dat Joazef en Marije harren soan besnije lieten, krige it jonkje, neffens de oankunding fan de ingel oan Marije doe't hja noch swier reitsje moast, de namme Jezus. De bernetiid fan Jezus einiget yn Lukas mei de presintaasje fan Jezus yn de timpel (Lukas 2:21-52).

Evangeelje fan Mattéus

bewurkje seksje

De berteskiednis wurdt yn it evangeelje fan Mattéus as folget yndield (Mattéus 1:18-2:23):

 
'De ingel en de hoeders' (Carl Bloch, 1879)
Tekst Ynhâld
Mattéus 1:1–17 Stambeam fan Jezus
Mattéus 1:18–24 De Berte fan Jezus
Mattéus 2:1–12 De Oanbidding fan de wizen
Mattéus 2:13–15 De Flecht nei Egypte
Mattéus 2:16–18 De Bernemoard yn Bethlehem
Mattéus 2:19–23 Werom út Egypte

Mattéus begjint it evangeelje mei de stambeam fan Jezus, dêr't út falt op te meitsjen dat Jezus fan David stamt. De evangelist skriuwt oer ferskillende foarfallen om de berte fan Jezus hinne. De berte sels wurdt mar yn 'e gong wei neamd. Nei de berte komme de wizen út it easten del om it bern hulde te dwaan. Dat wiene astrologen dy't troch in stjer nei it plak brocht waarden dêr't Jezus op de wrâld kaam. Yn de tradysje fan guon kristlike denominaasjes wiene dat trije keningen mei de nammen Kaspar, Balthasar en Melchior. De evangelist skriuwt lykwols nearne dat it keningen wiene, noch neamt er it oantal of nammen. Wylst hja nei Bethlehem reizgen wie de stjer tydlik ôfwêzich en moasten hja yn Jeruzalim de wei freegje. Doe fernaam ek kening Herodes dat der wichtige manlju sochten nei it plak dêr't de nije kening fan de Joaden berne wie. De kening, dy't gjin rivalen taliet en sels syn eigen soannen al ombrocht hie, liet dêrnei yn Bethlehem en omkriten alle jonkjes fan ûnder de twa jier fermoardzje. Dêrmei waarden de wurden fan de profeet Jeremía (31:15) ferfolle. In ingel hie Marije en Joazef lykwols op 'e tiid warskôge; de Hillige Famylje flechte nei Egypte en kaam net earder werom dan nei it ferstjerren fan kening Herodes.

Tsjerklik jier

bewurkje seksje

It gongbere krystferhaal is it ferhaal fan Lukas, lykas dat yn it evangeelje yn de haadstikken 1:5-80 en 2:1-52 wurdt beskreaun. It sintrale diel fan de tekst wurdt tradisjoneel foarlêzen of neispile yn de fierings fan de krystjûn en op de earste krystdei. Yn de roomske liturgy is it it evangeelje fan de nachtmisse. Ek protestanske tsjerken hawwe tsjintwurdich tsjinsten op de jûn foar de earste krystdei. Op de twadde krystdei wurdt ornaris de tekst oer de ferkundiging oan de hoeders foarlêzen.

Op 6 jannewaris, op it feest fan de Epifany, wurdt út Mattéus 2:1-2 foarlêzen.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Weihnachtsgeschichte