Sacharías (Hebriuwsk: זכריה; "It heucht God") is neffens it Nije Testamint de heit fan Jehannes de Doper, in pryster, in profeet en de man fan Elisabet, dy't besibbe wie oan de Hillige Jongfaam Marije.

Sacharías en Jehannes mei in sliepende Jezus (Guido Cagnacci)

Neffens it evangeelje fan Lukas bleau it houlik fan Sacharías en Elisabet lange tiid sûnder bern om't Elisabet ûnfruchtber wie. Sacharías wie pryster en doe't de famylje fan Sacharías oan bar wie om yn de timpel te tsjinjen, waard Sachariás útlotte om dit te dwaan. Op it momint dat Sacharías it hillichdom fan de Hear yngyng om dêr it wijreekoffer te bringen, ferskynde him de ingel Gabriël, dy't oankundige dat syn frou Elisabet, alhoewol't hja al op leeftyd wie, swier wurde soe fan in jonge dy't de namme Jehannes krije moast.

De ingel ferskynt oan Sacharías

Alhoewol't Sacharías in froed man wie, woene de wurden fan de ingel him net oan. En om't er it blide nijs net leauwe woe makke de ingel Sacharías oant de berte fan Jehannes stil, sa't er net mear prate koe. Bûten stie it folk op Sacharías te wachtsjen en doe't er it hillichdom ferliet, koe er neat mear sizze en moast er him mei gebeartetaal sjen te rêden. Nei't syn tsjinst yn de timpel om wie gong er nei hûs en rekke syn frou Elisabet sa't foarsein wie swier.

Doe't Elisabet fiif moannen swier wie, krige har nicht Marije in ferskining fan deselde ingel, dy't, alhoewol't hja noch jongfaam wie, foarsei dat hja swier wie fan in soan dy't de namme Jezus krije moast. Ek waard Marije sein dat Elisabet al mear as fiif moanne swier wie. Marije gyng dêrnei nei har nicht Elisabet op besite en dêr bleau hja oant de befalling fan Jehannes.

Nei de berte fan Jehannes doe't er op de achtste dei besnien wurde soe, woene de goekunde en famylje ha dat it jonkje ferneamd wurde soe nei syn heit. Elisabet lykwols woe him perfoarst Jehannes neame. De goekunde en famylje begrepen hjir neat fan om't de namme Jehannes net yn de famylje foarkaam. Dêrom fersochten hja Sacharías him te oppenearjen troch de namme op te skriuwen. Nei't Sacharías opskreaun hie dat harren soan Jehannes hjitte moast, krige er op slach syn lûd werom en it earste dat er sei wie in lofprizing foar God.

  • Roomsk-katolike tsjerke: 23 septimber
  • Protestanske tsjerken: 5 septimber
  • Otterdokske tsjerken: 11 febrewaris, 24 junym 5 septimber
  • Armeenske tsjerke: 5 septimber
  • Koptyske tsjerke: 5 septimber[1]

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: