Toer fan Easterwierrum
(Trochferwiisd fan Tsjerketoer fan Easterwierrum)
De Toer fan Easterwierrum is in tsjerketoer yn de Tsjerkebuorren by Easterwierrum.
De toer waard yn de 13e of 14e iuw op in terp boud. Neffens in gevelstien wie der yn 1589 in renovaasje. Yn 1776 waard it sealdak ferfongen troch in ynsnoerde spits. De toer hat in klok fan Geert van Wou II en ien (1537) fan Johan ter Steghe. De tsjerke dy't yn 1905 sloopt waard wie oarspronklik wijd oan Sint-Nikolaas. It meganysk toeroerwurk (1911) komt út Droegeham. De toer en de muorre mei izeren stek binne ryksmonuminten.
-
Eardere tsjerke (1902)
-
Tsjerketoer en muorre
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Church tower, Easterwierrum fan Wikimedia Commons. |