Tsjettel (band)
Tsjettel is in Fryske band út Kûbaard. It is in fiifmans formaasje, dy’t muzyk makket fan punkrock oan’t stonerrock, dizze band is al sūnt 1992 aktyf. De band Tsjettel debutearre op Aaipop 1993 en spile dêr mei Fryske eigentiidske rûge, hektyske powercore. It folk wie hast net fan it poadium ôf te hâlden. De besetting fan Tsjettel is Pieter van der Velde op gitaar, Klaas de Boer op gitaar, Arnold Strikwerda op bas en sang, Herman van der Weg op drums en sang en Tiede van der Velde op sang en gitaar.
Tsjettel | ||
band | ||
Byldmateriaal ûntbrekt | ||
algemiene ynformaasje | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
sjongtaal | Frysk | |
sjenre | Punk, Rock | |
bestean | 1992-Status ûnbekend | |
leden | ||
Sang & Gitaar |
Tiede van der Velde | |
Gitaar | Pieter van der Velde | |
Gitaar | Klaas de Boer | |
Bas | Arnold Strikwerda | |
Drums | Herman van der Weg |
Diskografy
bewurkje seksje- Rabje (1995, maksi-single)
- Aaipop: En daverje (1996, mei oaren)
- Casanova ( CD, 2007), mei ûnder oaren it nûmer “Kening” as oade oan alle keatskeningen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |