Tsutomu Seki (Japansk: Seki Tsutomu; Kōchi, prefektuer Kōchi, 3 novimber 1930) is in Japanske amateur-astronoom. Hy is direkteur fan it Geisei Observatorium yn Geisei en lid fan de kometeseksje fan de Oriental Astronomical Association.

Seki is eins oplaat as konsertgitarist, mar yn de rin fan de jierren hat er him hieltyd mear talein op astronomy, benammen op de syktocht nei kometen. Hy hat oant no ta 34 kometen ûntdutsen, wêrûnder de tige heldere Ikeya-Seki yn 1965, dy 't oerdeis sels sichtber wie njonken de sinne, en de nei him neamde kometen C/1961 (Seki) en C/1967 C 1 (Seki).
Hy ûntduts ek 224 asteroïden [1], dêr 't er der in soadfan neamde nei plakken en monuminten yn de prefektuer Katy, lykas (2396) Kochi, (2571) Geisei of (2582) Harimaya-Bashi.

De planetoïde (3426) Seki, ûntdekt troch Karl Reinmuth op de stjerrewacht fan Heidelberg yn 1932, waard nei him ferneamd.[2]

Keppelingen om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Minor Planet Discoverers
  2. Schmadel, Lutz D. (2007). "(3426) Seki". Dictionary of Minor Planet Names – (3426) Seki. Springer Berlin Heidelberg. s. 286. doi:10.1007/978-3-540-29925-7_3426. ISBN 978-3-540-00238-3.