Tichthûs (tuchtskoalle)

(Trochferwiisd fan Tuchtskoalle)

In tichthûs yn 'e inge betsjutting (yn tsjinstelling ta it bredere gebrûk fan "tichthûs" as in synonym foar finzenis) wie in ynstelling om liddichgong en swalkerij tsjin te gean en moedwillige en dwerse jongelju 'moares' te learen. Sa'n ynstitút waard ek wol in tuchtskoalle neamd, al hie it net folle mei ûnderwiis fan dwaan.

Tichthûs foar froulju (18e iuw)

Ljouwert is eins de ienichste stêd dy't sûnder ûnderbrekking fan 1598 - 1837 in tichthûs hân hat, earst stêdlik, letter provinsjaal. De spinhuzen fan Boalsert, Snits en Warkum wienen gjin frouljusfinzenissen lykas op oare plakken yn Nederlân.

It Ljouwerter tichthûs wie tredde fan de doe nij strafgestichten (Amsterdam 1596) en Leien (1598). De tsjerke fan it eardere kleaster fan grauwe beginen (Westertsjerke) waard tichthûs en wurkhûs foar de stêd, nei 1609 foar de provinsje. (gjin rasp- en spinhûs). Men stribbe lykwols nei de oprechtinge van een generaal Tuchthuis foar de provinsje. Nei besites fan autoriteiten oan it Amsterdamske Tichthûs bleau de saak sloeren oant 1661 in lanlik wurkhûs foar de hiele provinsje yn Ljouwert op te rjochtsjen ta it tsjingean fan bidlerij, liddichgong, mar ek om misdieden (gjin halsmisdieden) te straffen.

Yn 1754 waard dit gebou op it Blokhûsplein troch brânstifting en oproerige detinearden foar in grut part fernield. In nij Ticht- en Wurkhûs op dat plak waard iepene yn 1756. Foar wurkferskaffing waard dêryn in bûntrederij en tekkenfabryk yn ûnderbrocht. It gebou hie 32 sealen en fertrekken en de ynrjochting waard ± 1781 troch de Ingelske finzenisherfoarmer John Howard priizge as de bêste yn de hiele Republyk.

Yn 1821, by de earste Nederlânske finzenisorganisaasje, waard it Ljouwerter Tichthûs 'Huis van opsluiting en Tuchtiging' ien fan de sintrale grutte finzenissen fan it Feriene Keninkryk.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: