Tyfus
Tyfus (fan it Grykske τυφος, tufos, "beroezing") is de (ferâldere) beneaming foar in tal besmetlike ynfeksjesykten, dy't karakterisearre wurde troch symptomen as hege koarts, it ferlies fan it bewustwêzen, en oandwanings oan 'e terms. Yn 'e moderne genêskunde wurdt dizze oantsjutting net mear brûkt. Dat komt om't men foarhinne miende dat it om ien sykte gie, mar nei't ûntdutsen waard dat baktearjes sykten feroarsaakje kinne, bliek dat it by tyfus eins om ferskillende soarten baktearjes gie, dy't dêrom ek op oare manearen behannele wurde moasten.
Mei "tyfus" kin sadwaande ferwiist wurde nei:
- búktyfus of tyfoïde koarts, in termynfeksje feroarsake troch de baktearje Salmonella enterica
- paratyfus, in termynfeksje feroarsaken troch de baktearje Salmonella paratyphi
- plaktyfus of Rocky Mountains spotted fever, in besmetlike sykte feroarsake troch ferskate soarten Rickettsia-baktearjes
- strûktyfus of scrub typhus, in ynfeksjesykte feroarsaken troch de baktearje Orientia tsutsugamushi
As it net neier oantsjut wurdt, bedoelt men mei "tyfus" yn Nederlânske teksten almeast plaktyfus, in sykte dy't troch kleanluzen oerbrocht wurdt en dy't foarhinne yn Jeropa in protte foarkaam.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side. |