Tynaarlo (doarp)
Tynaarlo (Drintsk: Tynaorl) is in doarp yn de Nederlânske provinsje Drinte, yn de gemeente Tynaarlo, mei 1.895 ynwenners (1 jannewaris 2023).
Tynaarlo | ||
Hunebêd D6 by Tynaarlo (2008) | ||
Polityk | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Drinte | |
Gemeente | Tynaarlo | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 1.895 (2023) [1] | |
Oerflak | 14,8 km² dêrfan lân: 14,14 km² dêrfan wetter: 0,65 km² | |
Befolkingsticht. | 128 ynw./km² | |
Oar | ||
Ferkearsieren | N386 | |
Postkoade | 9482 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | ||
Offisjele webside | ||
www.naarzuidlaren.nl | ||
Kaart | ||
Kaart | ||
Lizzing fan Tynaarlo yn de gemeente Tynaarlo |
- Dizze side giet oer it doarp Tynaarlo. Foar de gemeente dat nei it doarp neamt is, sjoch: Tynaarlo (gemeente).
It doarp Tynaarlo is net it haadplak fan de gemeente mei deselde namme. By de gearfoeging fan de eardere gemeenten Eelde, Vries en Súdlaren mei yngong fan 1 jannewaris 1998 waard ynearsten keazen foar de nije namme Súdlaren. Dit rôp protesten op yn de beide oare plakken. Dêrom waard keazen foar de namme fan it lytse doarp dat sawat midden tusken de trije gruttere yn leit.
Tynaarlo is in âld brinkdoarp, lizzend oan de N386 fan Vries nei Súdlaren en flak oan de A28, midden tusken de stêden Assen en Grins.
Tynaarlo wurdt foar it earst neamd yn 820. It agraryske karakter is fierhinne behâlden bleaun yn it âlde sintrum mei in grutte en beamrike brink. In soad aktive boeren telt it doarp lykwols net mear. It is no in forinzedoarp mei nijbouwiken oan de râne.
Eastlik fan it doarp, rjochting Zeegse, sit in lyts hunebêd (D6) mei trije dekstiennen.
Tynaarlo leit oan it spoar fan Meppel nei Grins. By it doarp lei it Stasjon Vries-Súdlaren dat fan 1870 oant 1938 iepene wie.
-
Dorpstraat en Schoolstraat (2014)
-
Natoerbad Tynaarlo (2017)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Tynaarlo | ||
---|---|---|
Doarpen: Bunne • De Groeve • De Punt • Donderen • Eelde • Eelderwolde • Midlaren • Oudemolen • Paterswolde (foar in part) • Súdlaarderfean • Súdlaren • Taarlo • Tynaarlo • Vries • Winde • Yde • Zeegse • Zeijen | ||
Buorskippen: Bruilweering (foar in part) • Oosterbroek • Schelfhorst • Zuideinde | ||
Eardere Buorskippen: Plankensloot | ||
Wetter: Drintske Aa • Eelderdiep • Grote Masloot • Hoornseplas (foar in part) • Leijenloop • Oosterloop • Noard-Willemskanaal • Oosterloop • Paterswoldsemar (foar in part) • Smeerveenscheloop • Súdlaardermar (foar in part) • Taarlosche Diep • Veenmeer | ||
· · |