Ucko Walles of Ucke/Uko Walles (Noardbroek, 1593 - Sylmönken (East-Fryslân), 15 febrewaris 1653) wie in mennist fan de 'Alde Grinslanners' of 'Hurde Flamingen'.

Ucko Walles wie in boeresoan, letter brûker fan 25½ deimt lân. Doe't yn 1628 de Grinslanner Flamingen ien ôfsûnderlike bruorskip foarmen, wie hy al troch de ferskillende gemeenten ta âldste ferkeazen en wie er drok dwaande mei syn mei-âldste Jan Lues út Kleasterbuorren om de Flamingen mei mylder tinkbylden oangeande de tucht, te bannen. Walles hie tige strange begjinsels, mei ûngewoane tinkbylden (Ek Judas soe oan de ivige sillichheid diel hawwe). Hy waard meardere kearen troch de oerheid ferfolge.

De grifformearde synoade fan Frjentsjer (1644) en Boalsert (1659) easken maatregels tsjin syn 'grouwélige ketterijen'. Neffens opjefte fan 1666 wienen der 245 manlike leden fan de groep Uckowallisten yn Fryslân. As wenplak keas hy earst Gödens yn East-Fryslân en dêrnei Sylmönken op de grins fan Gretmer- en Emderambt, dêr't eartiids Benediktiner nonnen en Reguliere koarhearen wenne hienen. Mar om dêr fredich syn lêste libbensdagen slite te kinnen, moasten de Ukkowallisten in soad jildlike offers bringe oan greve Ulrich II. Nei de dea fan Ocko yn 1647 ferdwûn de beweging fan de Uckowallisten al gau.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: