Ulbe Arend Everts (De Jouwer, 6 augustus 1799 - De Haach, 26 maart 1860), wie in Frysk skriftgelearde en skiedkundige.

Ulbe wie de jongste fan njoggen bern fan Arent Everts, skout op De Jouwer, en Geartsje Durks. Yn 1815 waard hy studint oan de hegeskoalle fan Frjentsjer. Nei de ferdigening fan de dissertaasje Homeri auctoritate apud Jureconsultos (1819). Ulbe Everts teach yn 1821 nei Leien. Hy fielde him dêrta oanlutsen troch it ferbliuw fan de Jouster professer Elias Annes Borger. Op 22 juny 1822 promovearre hy oan de Hegeskoalle fan Grins op Disputatio juridica de morte civili. Everts fêstige him doe as abbekaat op De Jouwer mar waard koart dêrnei rjochter fan de Arrondissemintsrjochtbank op It Hearrenfean. Yn 1838 waard hy fan dyselde rjochtbank presidint. Yn 1847 waard hy riedshear yn it Provinsjaal Gerjochtshôf fan Fryslân en twa jier letter lid fan de Hege Rie fan de Nederlannen.

Everts wurdt ek neamd as skoalopsjenner.

As lid fan it Frysk Genoatskip hâlde hy foar it genoatskip ek wol sprekbeurten. Yn De Vrije Fries en de 'Friesche Volksalmanak' steane opstellen fan syn hân.

  • Mémoires de Sicco van Goslinga, mei G.H.M. Delprat (Ljouwert, 1857)
  • Verhaal van de verrigtingen der Jezuïeten in Friesland, door Pater Willem van der Heyden, mei H. Amersfoordt (Ljouwert, 1842).
  • priisantwurd by it Stolpiaansk legaat Over de pligten van Overheden en Onderdanen (Leien, 1834).

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: