Ulke Hoytema, (? - 1558) wie grytman fan Hasker Fiifgea en wenne op De Jouwer.

Ulke van Hoytema waard op 25 desimber 1549 beneamd as grytman fan Hasker Fiifgea as opfolger fan Wybrandt Auckes. Yn 1558 waard Ulke fermoarde, nei alle gedachten troch Wopke Gerkes. Gerkes waard op 21 maart 1561 feroardiele om ûnthalze te wurden omdat hy den grietman van Hasker vijfgae mei in helleburd deaslein hie en dêrby boppedat for'sen ende gewalden brûkt hie.[1] Ulke Hoytema waard as grytman opfolge troch Hoyte Uninga fan Hoytema.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: