Under sandet

film út 2015 fan Martin Zandvliet

Under Sandet ("Under it Sân"; Ingelsktalige, ynternasjonaal brûkte titel: Land of Mine) is in Deensk-Dútske film út 2015. De film is skreaun en regisearre troch Martin Zandvliet en ferhellet it ferhaal fan jonge Dútske kriichsfinzenen, dy't de opdracht krije om mei harren bleate hannen twa miljoen minen oan de westlike kust fan Jutlân út te graven. It is ien fan de swarte siden út de skiednis fan Denemark nei de Twadde Wrâldkriich. De film is op in grut tal filmfestivals ûnderskieden en wûn yn 2016 trije European Film Awards.

Under Sandet
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Martin Zandvliet
produsint Malte Grunert, Mikael Chr. Rieks
senario Martin Zandvliet
filmstudio Nordisk Film
spilers
haadrollen Roland Møller
Mikkel Boe Følsgaard
Laura Bro
Louis Hofmann
Joel Basman
skaaimerken
lân/lannen   Denemark
Dútslân
premiêre Denemark: 3 desimber 2015
Nederlân: 31 jannewaris 2016
sjenre oarlochsfilm; drama
taal Deensk, Dútsk
spyltiid 101 minuten
budget en resultaten
budget DKK 35.5 miljoen [1]
opbringst USD 3.169.000 [2]
prizen European Film Award (3x)

De westlike kust fan Jutlân foarme yn de Twadde Wrâldkriich ûnderdiel fan de Atlantikwall, dy't fan Noarwegen oant de kust fan Spanje lei. Doe't de Dútsers yn maaie 1945 harren posysjes opjoegen lieten hja in soad efter; oan de kust hiene hja oeral minen begroeven. Allinne al yn it gebiet fan de noardlike Waadsee leine tsientûzenen minen. Rûsd wurdt dat yn 1947 likernôch 61.000 minen ûnskealik makke binne.

Nei 4 maaie droegen de Ingelsen de Dútske kriichsfinzenen oan de Denen oer. Oannommen wurdt dat der mear as 2.000 Dútske soldaten ynset waarden om de minen oan de westlike kust te ferwiderjen. Hast de helte fan dy soldaten fûnen by it nuodlike wurk de dea of rekke ferwûne. Guon fan harren wiene noch tige jong.

De produksje fan de film hie in budget fan 35,5 miljoen Deenske kroanen en waard û.o mooglik makke troch stipe fan it Deenske Filmynstitút en de gemeente Varde, dy't in kilometerslang strân oan de westlike kust fan Jutlân hat en hope it jild fan de ynvestearing werom te krijen troch ekstra toerisme. De opnames setten op 30 juny 2014 útein en einigen op 2 augustus 2014 en binne makke yn 'e omkriten fan Blåvand en yn Oksbøllejren by Varde.

In wichtige ynspiraasjeboarne foar de film wie it boek Under tvang ("Under twang"), in útjefte út 1998 fan de histoarikus Helge Hagemann. It boek dokumintearret dat likernôch 2.000 Dútske kriichsfinzenen de opdracht krigen om de westlike kust fan Jutlân frij te meitsjen fan oardel miljoen minen. Hy beskriuwt hoe't de Dútsers op harren bûk troch it sân krûpten, mei houten stokken de minen sochten en mei harren bleate hannen de minen útgroeven. Hja wiene net foar dat wurk oplaat en moasten ûnder hege druk wurkje.

It Museum van Varde kocht de dekor's en sammele in soad ynformaasje oer dat haadstik fan de skiednis. De film waard oanlieding fan in útstalling dat diel útmakket fan it gruttere ferhaal oer de Atlantikwall yn in nij museum, it Tirpitz-museum, dat yn Blåvand boud waard en werfan't in diel ynrochte is oer it romjen fan de minen.

De Ingelsen drage hûnderten fakentiden tige jonge Dútske kriichsfinzenen oer oan de Denen. Hja krije de opdracht om de lânminen te romjen, dy't de Dútsers yn de besetting yn it sân fan Jutlân's kust begroeven hiene. De Deenske sesjant, Carl Leopold Rasmussen (Roland Møller) hat de lieding fan in Dútske divisy en sit noch fol lilkens oer de fiif jier lange besetting fan de nazy's. Hy jout lieding oan de jonge Dútsers yn in missy dy't harren allegear it libben kostje kin. Foar Carl is it net allinne in striid fan libben op dea, mar ek fan haat, fersoening en lang om let ferjouwing.

Rolferdieling

bewurkje seksje
  • Roland Møller as Carl Leopold Rasmussen
  • Mikkel Boe Følsgaard as Ebbe Jensen
  • Laura Bro as Karin
  • Louis Hofmann as Sebastian Schumann
  • Joel Basman as Helmut Morbach
  • Oskar Bökelmann as Ludwig Haffke
  • Emil Belton as Ernst Lessner
  • Oskar Belton as Werner Lessner
  • Leon Seidel as Wilhelm LeBern
  • Karl Alexander Seider as Manfred
  • Maximilian Beck as August Kluger
  • August Carter as Rodolf Selke
  • Tim Bülow as Hermann Marklein
  • Alexander Rasch as Friedrich Schnurr
  • Julius Kochinke as Johann Wolff
  • Zoe Zandvliet as Elizabeth

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: