Fryske Underrjochtliga

(Trochferwiisd fan Underrjochtliga)

De Fryske Underrjochtliga feriene nei 1930 minsken fan alderlei libbensskôging, dy't strieden foar genôch ûnderwiis yn it Frysk. Yn 1933 wienen der tusken 800-900 leden. Sûnt 1932 joech de liga it moanneblêd Folk en Tael út, yn 1942 troch de Dútske besetter ferbean.

Foar ûnderwizers fersoarge se De Weitsrop. Fierders waarden in soad aktiviteiten ûntwikkele: fersprieding fan struibiljetten, ophingjen fan kartons mei ferskate opskriften yn winkels. De stúdzje fan de metodyk waard oanpakt ûnder lieding fan Sjoerd Evert Wendelaar Bonga en Johannes Dijkstra. De liga mocht yn 1937 einlik har leus Frysk op Skoalle ferwezenlikje by de Wet Sotemaker de Bruijne. Nei de befrijing yn 1945 naam de feriening 'De Fryske skoalle' de taak fan de liga oer.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: