Underwynske Eilannen
De Underwynske Eilannen binne in groep eilannen yn de Karibyske See, foar de kust fan Súd-Amearika, it binne de eilannen fan de Lytse Antillen. Ta dizze groep wurde ek de Nederlânske eilannen Arûba, Bonêre en Kurasau rekkene, ek wol de ABC-eilannen. De namme ferwiist nei de lizzing fan de hearskjende noardeastlike passaatwinen.
Oersjoch
bewurkje seksje
|
Betizing
bewurkje seksjeYn it Ingelske taalgebiet is de definysje fan de Underwynske Eilannen oars as yn in soad oare talen. Dêr wurdt de skieding fan de Boppewynske Eilannen net sa as it meast bart by Fenezuëla makke, mar tusken Dominika en Martinyk. Boppedat binne de nammen yn it Ingelsk oars, de eilannen fan Porto Riko oant en mei Dominika wurde de Leeward Islands neamd, dy dêrûnder de Windward Islands. Om de betizing noch grutter te meitsjen wurde de Nederlânske Boppewynske Eilannen, dy’t neffens de Ingelske yndieling by de Leeward Islands hearre, yn it lokale Ingelsk de Windward Islands neamd.
Yn de Stille Oseaan lizze boppedat de Underwynske Eilannen fan Frânsk-Polyneezje.