Universiteit fan Leeds

De Universiteit fan Leeds is in wichtige ûndesyksuniversiteit yn Ingelân en ien fan de grutste yn it Feriene Keninkryk mei sa'n 32.000 studinten. De universiteit waard oprjochte yn 1904 en is part fan de seis oarspronklike 'boargeruniversiteiten.'

Universiteit fan Leeds
Namme
Ynternasjonale namme University of Leeds
Biedwurd et augebitur scientia
Lokaasje
Lân Ingelân
Plak Leeds
Oare bysûnderheden
Type Privee
Oprjochting 1831 – Leeds School of Medicine
1904 - Universiteit fan Leeds
Rektor Melvyn Bragg
Presidint Michael Arthur
Tal studinten 31.790 (2015/16)
Tal meiwurkers 8.000
Netwurken ACU, Association of MBAs, CDIO, EQUIS, EUA, N8 Group, Russell Group, Santander Network, Universities UK, AACSB, White Rose Consortium, WUN
Offisjele webside
www.leeds.ac.uk
Plattegrûn fan de haadkampus

De skiednis fan de universiteit is ferbûn mei it him ûntjaan fan Leeds as ynternasjonal sintrum foar de tekstyl- en kleanyndustry yn it Fiktoriaansk tiidrek, begjint yn de iere 19e iuw en it wie begjin 20e iuw ien fan de seis boargerûniversteiten. Foar de weach fan útwreiding yn it heger ûnderwiis, wiene der mar fjouwer universiteiten yn Ingelân, de Oxford, Cambridge, Londen en Durham.

 
Great Hall

Yn 1831 waard it Leeds Kolleezje fan Medisinen oprjochte, dy't yn it ferlet fan fiif medyske ynstellingen yn de stêd foarsjen moast. Yn 1874 sluet it Yorkshire Kolleezje fan Wittenskippen oan by it Leeds-kolleezje om ûnderwiis foar de bern fan yndustriëlen en keaplju út de middenklasse te fersoargjen. De stipe fan de pleatslike yndustry wie dêrby essinjeel.

It kolleezje fan wittenskippen waard modellearre nei 'Owens College', dat yn 1851 as net-sektêr alternatyf oan Oxford en Cambridge festige waard. Dêr waarden studinten op godstsjinst hifke en wa't net ta de Anglikaanse Tsjerke behearde koe dêr gjin graad helje of waard hielendal net talitten. Owens College, lykas ek it earder University College London, brûkten sokke toetsen en stiene iepen foar protestanten, katoliken en joaden.

Doe't it godstsjinsthifkjen foar studinten yn Oxford en Cambridge yn de fyftiger jierren fan de 19e iuw ophold, giene de universiteiten yn it noarden troch mei it oanbieden fan in oar type ûnderwiis. Sy wiene grutsk op it progressive en pragmatyske karakter fan harren wittenskiplik ûnderwiis, in mêd dêr't de âlde universiteiten, mei harren klam op teologyske stúdzje, yn dy jierren benefterbleaune.

It Kolleezje fan Wittenskip sette út ein mei ûnderrjocht yn de eksperimintele fysika, wiskunde, de geology, mynbou, gemy en biology, en waard rillegau bekend as ynternasjonaal sintrum foar stúdzje fan technyk en tekstyltechnology. Yn 1887 giene de twa kolleezjes byinoar.