In ûntploffing of eksploazje (fan it Frânske explosion) is in hommelse fergrutting fan it folume fan in hoemannichte matearje, dy't mank giet mei it op gewelddiedige wize frijkommen fan enerzjy. Ornaris ûntsteane dêrby hege temperatueren en in ljochtflits en wurde der gassen mei in tige hege druk fuortbrocht. In supersoane ûntploffing dy't feroarsake wurde troch in heecheksplosive stof is in detonaasje. Sa'n ûntploffing feroarsaket in waarnimbere skokweach yn it medium dêr't er yn plakfynt, en generearret in hurd lûd dat in knal neamd wurdt. In subsoane ûntploffing, feroarsake troch leecheksplosive stoffen, ûntstiet troch in stadiger ûntbrâningsproses dat deflagraasje hjit.

16 ton springstof wurdt ta ûntploffing brocht.

Untploffings kinne op keunstmjittige of natuerlike wize ûntstean. Keunstmjittige ûntploffings wurde feroarsake troch de minske mei it gebrûk fan springstof. Dat is in kategory stoffen, of meganismen mei dêryn sokke stoffen, dy't ûntploffe kinne, mar fan natuere net yn dyselde gearstalling foarkomme. De bekendste soarten springstof binne gemyske eksplosiven, mei almeast in flugge en ferheftige oksidaasjereäksje dy't grutte hoemmanichten hjit gas fuortbringt. It earste soarte springstof dat útfûn waard, wie it buskrûd. Oare bekende soarten binne nitroglyserine en dynamyt. Fan in hiele oare (d.w.s. folle gruttere) oarder is de atoombom, dy't yn 1945 troch it Amerikaanske Leger útfûn waard.

Natuerlike ûntploffings komme op 'e Ierde fuort út fulkanyske prosessen. Op 'e sinne binne sinneflammen in soarte fan natuerlike ûntploffing, dy't nei alle wierskynlikheid ek op oare stjerren foarkomt. De grutst bekende ûntploffings hearre ta it mêd fan 'e astronomy; dan giet it om supernova's en gammaflitsen. Supernova's kinne op twa manearen ûntstean: yn it foarste plak foarmje se de natuerlike libbensein fan alle swiere stjerren, en oard kinne wite dwergen, as se diel útmeitsje fan in binêre stjer sûnder folle romte tusken de beide dielstjerren, har ta sa'n supernova ûntjaan. Koarte gammaflitsen ûntsteane troch de ferraning fan twa neutroanestjerren of fan in neutroanestjer en in swart gat, wylst lange gammaflitsen (of hypernova's) feroarsake wurde troch de ynstoarting fan in swiere stjer.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.