Us-Leaffrouwetsjerke (Poperinge)

De Us-Leaffrouwetsjerke is in parochytsjerke yn it West-Flaamske Poperinge yn Belgje.

Us-Leaffrouwetsjerke
Lokaasje
lân Belgje
gewest Flaanderen
provinsje West-Flaanderen
gemeente Poperinge
adres Casselsestraat
koördinaten 50° 51' N 2° 43' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Roomsk Katolike Tsjerke
bisdom Brugge
patroanhillige Marije
Arsjitektuer
boujier 13e iuw
boustyl gotyk
monumintale status beskerme monumint
monumintnûmer 30986
Kaart
Us-Leaffrouwetsjerke (West-Flaanderen)
Us-Leaffrouwetsjerke

De tsjerke waard foar it earst yn 1290 neamd, doe't de abt fan it Sint-Bertinus-kleaster yn Sint-Omaars en de biskop fan Terwaan tastimming joech foar de bou fan twa nije tsjerken yn Poperinge, nammentlik de Us-Leaffrouwetsjerke en de Sint-Jehannestsjerke. Oanlieding dêrta wie de oanwaaks fan it ynwennertal troch de ekonomyske opgong fan 'e stêd.

 
Ynterieur

De bou fan 'e tsjerke fûn tusken de ein fan 'e 13e en it begjin fan 'e 14e iuw plak. Nei alle gedachten waard mei it skip en it koer útein set, folge troch it dwersskip en de sydkoaren. De westlike toer waard om 1400 hinne foltôge.

Yn 'e 2e helte fan 'e 16e iuw fûn de byldestoarm plak, wêrby't de ynrjochting fan 'e tsjerke fernield waard, mar it gebou waard sparre. Yn 1640 ûnstie der in brân yn 'e tsjerke, dy't benammen it dak skansearre. Nei in bliksemynslach yn 'e toer moast dy renovearre wurde en yn 1692 wie der skea troch in ierdskodding.

Yn 1780 waard in nije spits tafoege. Fan 1837-1838 waard ûnder lieding fan J. Lernould it ynterieur yn neoklassisistyske styl renovearre. Yn 1905 waard in nije bakstiennen spits boud.

 
Us Leaffrou fan 'e Roazekrâns

It tsjerkemeubilêr is benammen 18e-iuwsk. In skilderij fan 'e Opwekking fan Lazarus is út de 1e helte fan 'e 17e iuw. De iken preekstoel is in ûntwerp fan de arsjitekt J. Lernould (Iper) út 1833.

It oargel datearret út 1715 en wurdt taskreaun oan J. van den Eynde út Iper. Fan dat ynstrumint is noch in lyts part piipwurk oer. Mear piipwurk datearret fan 1731 en 1735, doe't de oargelbouwer Berger út Brugge oan it ynstrumint wurke. Yn 'e jierren 1910-1911 ferboud Jules Anneessens út Menen it oargel yngreven. Ek it oargel is in beskerme monumint.[1]

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is foar in part of alhiel in oersetting fan de Nederlânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis nl:Onze-Lieve-Vrouwekerk (Poperinge)