Us-Leaffrouwetsjerke fan de Arke fan it Ferbûn
De Us-Leaffrouwetsjerke fan de Arke fan it Ferbûn (Hebriuwsk: כנסיית גבירתנו של ארון הברית, Frânsk: Église Notre-Dame-de-l'Arche-d'Alliance) is in roomsk-katolike tsjerke yn it Arabyske doarp Abu Ghosh yn sintraal Israel. De tsjerke stiet heech op in heuvel yn de noardwestlike hoeke fan it doarp.
Us-Leaffrouwetsjerke fan de Arke fan it Ferbûn
כנסיית גבירתנו של ארון הברית | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
lân | Israel | |
plak | Abu Ghosh | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Tsjerke | |
boujier | 1924 | |
offisjele webside | ||
Side fan it kleaster |
Skiednis
bewurkje seksjeYn 1141 stiften de hospitaalridders by it hjoeddeiske Abu Ghosh in oare tsjerke, likernôch 400 meter eastlik fan de Us-Leaffrouwetsjerke fan de Ferbûnsarke. De tsjerke waard boud yn 1924 op it plak dêr't neffens de tradysje it hûs fan de levyt Abinadab stie, de man út Kirjat-Jëarim dy't in hûs op de heuvel hie dêr't de Arke fan it Ferbûn dessinia lang tydlik stien hie (1 Samuël 7; 2 Samuël 6; 1 Kroniken 13) oant kening David de Ferbûnsarke nei Jeruzalim helje liet.
De Us-Leaffrouwetsjerke fan de Ferbûnsarke waard troch de Susters fan Sint-Joazef fan de Ferskining boud op it plak fan in âldere Byzantynske tsjerke út de 5e iuw en is fan fierrens te sjen troch it byld fan Marije mei Bern op it dak.
It ynterieur is ienfâldich: de muorren binne wyt en yn de apsis is in Latynk krús oanbrocht.
Njonken de tsjerketsjinsten fynt op de lokaasje ek alle jierren twaris it "Abu Ghosh muzykfestival" plak.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|