Utjouwerij 521
Utjouwerij 521 wie in Nederlânske útjouwerij dy't yn 1999 oprjochte waard troch Harold de Croan en Arjan Weenink. Alle jierren waarden sa'n 25 oant 30 titels útjûn.
It fûns fariearret fan tradisjoneel en literêr oant ynnovatyf en kommersjeel. Njonken boeken fan fêstige nammen as Martin Bril, Gerrit Komrij, Guus Luijters, Abdelkader Benali, Jeroen Wielaert en Rita Verschuur hat Utjouwerij 521 wurk útjûn fan jonge skriuwers: John Schoorl, Bas Belleman, Menno Pot, Karin Amatmoekrim, Beau van Erven Dorens, Els Quaegebeur, Hélène Gelèns, Bas Vlugt, Paul Janssen, Erik Solvanger, Willem Thies, Lucas Winnips en Philip Hoorne.
Fan 2000 oant 2004 wie Utjouwerij 521 de útjouwer fan literêr tydskrift Nymph. Yn maart 2005 waard de útjouwerij ûnderdiel út fan de Foreign Media Group, wêrnei't er gearfoege waard mei Pimento, de eigen útjouwerij fan FMG. Fan de maitiidsoanbieding 2005 ôf waarden de boeken fan útjouwerij 521 útbrocht ûnder de flagge fan Pimento. [1].
Yn maart 2007 ferlieten de beide útjouwers it bedriuw. Yn juny fan dat jier rjochten sy Utjouerij Carrera op, ûnder de flagge fan Dutch Media.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|