Utjouwerij Hispel
Utjouwerij Hispel is in Nederlânske útjouwerij dy't fêstige is yn Loenen oan de Fecht, yn 'e provinsje Utert. It bedriuw leit him, neffens de eigen webside, lykwols ta op it útjaan fan Frysktalige "kwaliteitsliteratuer en nijsgjirrige essays".
Utjouwerij Hispel | ||
algemien | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
type | privaat | |
sektor | útjouwerij | |
fêstige yn | Loenen oan de Fecht (Utert) | |
oprjochte | ûnbekend | |
offisjele webside | ||
www.hispel.nl |
Sa binne by Hispel útkommen: proazawurk, lykas Eksamenjier en Simmer oan 'e Pikmar fan Sjieuwe Borger en De Brimstige Ingel fan Klaas Rusticus, en poëzij, lykas Tongermolke fan Jacobus Q. Smink, Foar Elke Man in Eigen Pake fan Bartle Laverman en Leech Hert yn Nij Jek fan Geart Tigchelaar. Dyselde brocht by Hispel ek syn oersetting Swarte Swan út, nei in jeugdroman fan Gideon Samson.
Utjouwerij Hispel publisearret fierders ek it literêr tydskrift ensafh, dat sawol op papier as op it ynternet ferskynt. Foar bestellings wurket Hispel gear mei de webwinkel fan 'e Afûk.
Galery fan útjeften
bewurkje seksjeKeppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |