Klaas Rusticus (Snits, 25 oktober 1942) is in Fryske auteur en regisseur dy't op it mêd fan telefyzje, film en teäter warber is.

Klaas Rusticus waard berne yn Snits as soan fan Ybe Sjoerd Rusticus (1905-1996), tsientallen jierren organist fan de Martinitsjerke dêre, en Trijntje Martens. Hy waard ek yn Snits oplaat ta ûnderwizer. Doe't er 17 jier wie rjochtte er mei û.o. de skriuwer Anne Wadman in ôfdieling fan de stichting "Jeugd en Muziek" op, en skreau de rige troch it kaeisgat yn it tydskrift "De Strikel". Tusken 1962 en 1968 wie er ûnderwizer yn û.o. Swol en Boskoop. Yn it lêste plak skreau en regissearre er yn 1966 de foarstelling 'Sephantijn', dêr't 150 bern, inkelde beropsmuzisi en filmers oan meidienen.

Rusticus folge yn 1965-1966 in skoftke kolleezjes oan it nutsseminarium foar (kultuer)pedagogyk fan de GU. Yn 1968 besleat er him hielendal op it teater ta te lizzen. Hy makke de produksje 'Spelen', yn 'e mande mei de Flaamske akteur Robert Borremans, mei wa't er in stikmannich foarstellings joech yn it Amsterdamske Shaffy-teater, yn de rest fan Nederlân en yn Flaanderen. 'Spelen' waard letter omwurke foar tillefyzje en yn 7 ôfleverings útstjoerd troch de NCRV. Derta útnûge troch de NCRV folge er opliedingen filmrezjy en studiorezjy oan de media-akademy Santbergen yn Hilfertsom, en wie er fan 1970-1977 yn tsjinst fan de NCRV-tillefyzje, ferantwurdlik foar tsientallen jeugd-, drama- en keunstproduksjes. Hy regissearre ûnder oare in tal ôfleveringen fan Swiebertje. De produksje Orimoa (1971-1975) beskôget Rusticus as ien fan syn wichtichste wurken út dy perioade.

Nei koart skoft by de WDR (Keulen) wie er fan 1980 oant 1990 as auteur en programmamakker oan 't wurk foar de NOS-DTP, ôfdieling Cupro en wie geregeldwei gastregisseur foar ien fan de Dútske omroppen.

Sûnt 1990 wurket er allinnich noch yn it bûtenlân, dêr't er produksjes makke foar de Tsjechyske en Dútske omrop (ČT, ZDF, BR, SFB, SWF, Arte, 3Sat, en ek de eartiidske DFF yn de DDR), de ORF yn Eastenryk en de SRG yn Switserlân.

In protte fan Rusticus syn (meast muzyk-)produksjes waarden en wurde yn de hiele wrâld útstjoerd. Yn de tsientallen muzykproduksjes dy't er regissearre waard û.o. optreden troch it Konsertgebouorkest, it Philharmonia Orchestra Londen, de Berliner Philharmoniker, de Staatskapelle Dresden, de Wiener Symphoniker, de orkesten fan de Beierske, Noard-Dútske en Berlynske omroppen en it orkest fan it Mariinskiteater yn Sint-Petersburch.

As teaterregisseur hat er foar de doetiidske Noarder Kompanije en de Teateruny wurke. Yn syn teatertsjerke het Laborinth yn De Kúnder (Oerisel) kamen tusken 1977 en 1985 konserten, eksposysjes en teaterfoarstellingen ta stân.

Yn 2010 kaam syn earste boek út, de 'kearroman' TWEE, dy't er yn 'e mande mei antipoadysk ko-auteur Simen de Jong skreau, in útjefte fan Utjouwerij Elikser yn Ljouwert.

Klaas Rusticus hat fan 1968-1984 troud west mei Helena Cornelia de Schipper (1944-2009) en hat twa dochters, Nynke (*1970) en Rozemarijn (*1975).

Wichtichste produksjes:

  • Sephantijn (1966) (teater) (NCRV)
  • Schipper, mag ik overvaren? (1968) (NCRV)
  • Met blijvend vrij uitzicht en het gordijn op een kier (1971) (NCRV)
  • Orimoa (1971 -1975) (NCRV)
  • Achter de horizon is nog een land (NCRV)
  • de trom van Pandoera (1976) (NCRV)
  • Jij moet kiezen, Ewout (1976)(NCRV)
  • Zolder (1977) (NCRV)
  • Professor Vreemdeling (1977)(NCRV)
  • Boete dwaen (1977) (NCRV) (in bewurking fan ferhalen fan Teatske Alzum)
  • Want ik kan alleen niet gaan (1978) (NCRV)
  • een Hondenleven (1978)(Teateruny)
  • de Illusie (1979) (VPRO)
  • de Kinderkruistocht (1981) (teatertsjerke it Laborinth)
  • Spielzeug der Winde (1981)(WDR)
  • Werke der Einsamkeit (1982)(SWF)
  • Over en Sluiten (1983) (NOS)(Prix Futura-nominaasje Berlyn 1985)
  • De duizend kersebomen van Yoshitsune (1985)(NOS)
  • De lange reis van Christiaan Bor (1986) (NOS)
  • Brundibár (1989) (NOS/HR/ČST/ORF/SRG)
  • Elias of het gevecht met de nachtegalen (1992) (NOS/BRTN)(CIDALC-priis foar bêste literêre film - Festival Figueira da Foz 1992)
  • Die Jahreszeiten (1993) (ZDF/arte/ 3Sat/ORF/SRG)
  • Trnová koruna z pampelišek / eine Krone aus Löwenzahn / Dandelion Crown (1993)(ČT/ZDF/3Sat/arte/ORF/SRG)(Prix d’Innovation-

nominaasje Monte Carlo -1994)

  • Eine Salome kommt nach Hause (1995)(3Sat)
  • Ich komme spät nach Hause (1996) (arte)
  • The voice on wings (2003) (Fobic Films)

Keppeling om utens

bewurkje seksje