Kok (útjouwerij)

(Trochferwiisd fan Utjouwerij Kok)

Kok is in útjouwerij op it mêd fan libbensskôging, godstsjinst en tsjerke, spiritualiteit en sinjouwing. It bedriuw jout ek in protte famylje- en streekromans út. It is de koepel foar 12 oare útjouwerijen en ymprints: Callenbach, Citerrige, De Groot Goudriaan, Gooi & Sticht, Omniboek, Spiegel searje, VCL searje, Voorhoeve, Westfriesland, Zomer & Keuning. Kok is ûnderdiel fan Veen Bosch & Keuning Utjouwersgroep (VBK útjouwers), merklieder op de algemiene boekemerk.

De útjouwerij waard yn 1894 yn Kampen oprjochte troch Jan Hendrikus Kok. Yn de begjinjierren kamen de skriuwers foar in grut part fuort út de grifformeerde tsjerke, fan it ynterbellum ôf ek bûten dy rûnten, nei de Twadde Wrâldoarloch oer de hiele tsjerlike breedte en fan de jierren 90 ôf oan ek út oare religys.

Bekende skriuwers

bewurkje seksje

Keppeling om utens

bewurkje seksje