Marleen Stelling (Leiderdorp, 2 oktober 1990) is in Nederlânsk teolooch, sjoernalist, telefyzjepresintator, radiopresintator en ynterviewster.

Marleen Stelling
tillefyzje- en/of radiopersoanlikheid
Marleen Stelling Fotograaf: Hedske Vochteloo
Marleen Stelling
Fotograaf: Hedske Vochteloo
persoanlike bysûnderheden
echte namme Marleen Stelling
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
berne 2 oktober 1990
berteplak Leiderdorp (Súd-Hollân)
wurkpaad
wurksum as teologe, sjoernaliste,
presintatrise
medium telefyzje, radio
wurksum by IKON, EO
bekend fan Het Vermoeden
jierren aktyf 2013 – no
offisjele webside
Hiemside Marleen Stelling

Stelling studearre teology yn Leien en dêrnei de master Sjoernalistyk en Nije Media. Sy set út ein as skriuwend sjoernalist. Yn 2013 giet Stelling oan 't wurk by de IKON as redakteur fan de Vermoeden-viering en wurke letter ek foar oare programma's, lykas it EO-programma Bakkie Troost.

Sûnt febrewaris 2015 is Stelling warber as presintator. Se is op sneintejûns petearliedster yn de Vermoeden-viering op Radio 5, om 22 oere. Oant simmer 2016 wie hja alle moannen presintator yn it programma Dit is de Nacht op Radio 1.

Fan septimber 2016 ôf oan is Stelling ek op telefyzje as nije presintator fan Het Vermoeden, in ynterviewprogramma op sneintemoarns dat tolve jier troch de IKON makke waard en yn 2016 troch de EO oernaam waard. Sûnt 2016 is Stelling teffens presintatrise fan De Nachtzoen en Café Lazarus, EO-petearprogramma's jûns let.

Yn maaie 2023 waard har debútroman Breuklijnen útbrocht.

  • Alle bloemen zijn op weg naar jou, mei yllustraasje fan Marleen Stelling. Utjouwerij Kok, 2018
  • Breuklijnen, 2023

Keppelings om utens

bewurkje seksje