Uzjhorod (Oekraynsk: У́жгород) is in stêd oan de rivier de Uzj yn it westen fan de Oekraïne. It is it bestjoerlike sintrum fan it oblast Transkarpaasje en it distrikt Uzjhorod. De stêd lei op 811 kilometer fan de haadstêd Kiëv op de grins mei Slowakije.

Uzjhorod
Lizzing fan Uzjhorod yn de oblast Transkarpaasje yn de Oekraïne
Flagge Wapen
Polityk
Lân Oekraïne
Oblast Transkarpaasje
Rayon Uzjhorod
Sifers
Ynwennertal 114.897 (01.01.2019)
Oerflak 41,56 km²
Befolkingstichtens 2.764.6 / km²
Hichte 120 m
Oar
Stifting 9e iuw
Tiidsône EET (UTC+2)
Simmertiid (UTC+3)
Webside rada-uzhgorod.gov.ua
Panorama fan de stêd

De stêd leit oan de foet fan de Karpaten. Al is Uzjhorod it lytste regionale sintrum fan it lân, de stêd hat in rike en âlde skiednis. De stêd waard stifte yn de 9e iuw. Yn de rin fan tiid hearde it by Hongarije en letter Eastenryk-Hongarije. Yn 1919 wie it de haadstêd fan Subkarpaten yn Tsjechoslowakije, mar krekt foar de Twadde Wrâldkriich waard de stêd wer by Hongarije foege. Dat hie tige grutte gefolgen foar de relatyf grutte joadske mienskip fan de stêd, dy't nei de Dútske besetting ynearsten lokaal ynsletten en dêrnei nei Auschwitz deportearre waard.

Nei de Twadde Wrâldkriich waard de stêd by de Sovjet-Uny foege en sûnt 1991 foarmet it ûnderdiel fan de ûnôfhinklike republik Oekraïne.

De stêd ûntwikkele him as in yndustrieel en kultureel sintrum fan Transkarpaasje. It hert fan Uzjhorod wurdt foarme troch de fêsting.