Västerås (sprek út as: wester-oos) is in stêd yn it lânskip Västmanland yn Midden-Sweden. It is it haadplak fan de gemeente Västerås en de haadstêd fan de provinsje Västmanlands län. De stêd hie 107.005 ynwenners yn 2005 en in oerflak fan 5173 hektare. It plak leit oan de Mälarmar, krekt as Stokholm, dat sa'n 100 kilometer be-easten Västerås leit.

Västerås
Bestjoer
Lân Sweden
Provinsje Västmanlands län
Gemeente Västerås
Sifers
Ynwennertal 110.877↑ (2010)
Oerflak 52,94 km²
Befolkingsticht. 2094 / km²
Oar
Tiidsône CET (UTC+1)
Simmertiid CEST (UTC+2)
Offisjele webside
www.vasteras.se
Lizzing Västerås yn Sweden

Västerås hat in katedraal út de 13e iuw.

Västerås is grut wurden troch twa ynternasjonale yndustryen, ASEA (no ABB), dy't Sweden as spesjalist op it mêd fan swiere elektrotechnyk op de kaart set hat, en in grut metaalbedriuw. Yn 1990 fierde Västerås syn tûzenjierrich bestean.

  • Västerås wurdt ek wol "de komkommerstêd" (gurkstaden) neamd.
  • Jazzens Museum is it earste jazzmuseum fan Europa.
  • Yn Västerås begjint de Bruksleden, in 250 km lange kuierrûte tusken Västerås en Avesta.

Berne yn Västerås

bewurkje seksje