VKH
VKH wie in sportferiening op De Jouwer, dy't oarspronklik begûn as in gymnastykferiening. De klup waard as Vriendschap en Kracht en Hygiëne oprjochte op 26 augustus 1883. It earste bestjoer stie neffens de notulen út H. Visser (direkteur), Dirk v.d Feer (presidint), G. de Jong (fise presidint), H. Maneschijn (siktaris), G. v.d. Wey (ponghâlder), J. Ypma (foarwurker), B. Keverling (foarwurker), J. Wayer (foarwurker) en K. de Vries (lid). De feriening begûn yn 1884 mei 43 leden. De gymnastykferiening hâlde winterdeis ek hurdriderijen en feestjûnen.
Histoarje
bewurkje seksjeYn 1911 waard ek in ôfdieling foar froulju oprjochte. Beskermhear fan VKH wie boargemaster P. B. J. Vegelin van Claerbergen. Op 30 maaie 1918 waard in kuorbalferiening oprjochte. It rûn blykber net altyd mei winsk by de feriening, want yn 1918 waard in protestgearkomst hâlden tsjin direkteur Jongejans.
Yn 1917 waard in kuorbalôfdieling mei 11 dames en 10 hearen. It gymnastykfjild wie oan de Ljouwerterdyk by Heremastate. Doe't G. de Vries yn 1920 lieder fan VKH waard, bestie der al gjin direkteursfunksje mear. Yn 1922 wiene der 26 leden. Doe't De Vries yn 1926 fuortgie namen de hearen Barneveld en Hartstra syn taken oer. De feriening waard yn ferslaggen út dy tiid ek wol 'V en K' neamd. Yn 1923 by it 40-jierrich bestean is it ledetal weromrûn nei 16, en yn de jierren dêrnei sizze noch mear leden op. Yn 1934 is der noch in heare- en in damesbestjoer. Yn 1937 wurdt de klaaiïnge fêststeld. Grutte jonges en hearen gymmestykje gymnastiken tenei yn itselde tenu: in wyt silershimdsje mei swarte broek en swarte knibbelsokken. Dames droegen in wyt kostúm mei rok. Men woel de lytskes ek yn it wyt optrede litte mei it monogram op de boarst. Yn 1938 waard A. Glas siktaris yn it bestjoer. In jier letter wiene der gjin notulen omdat hy mobilisearre wie. It gymnastyklokaal waard yn de oarloch troch de besetter opeaske. VKH krige yn dy tiid ek in klupflagge.
Nei de oarloch
bewurkje seksjeNeidat yn 1945 de befrijingstocht rûn wie, begûn de feriening yn juny mei 300 leden en waard de feriening lid fan de KNAU. De feriening stie doe ûnder lieding fan A. Glas. Yn july 1945 ferskynde ‘Ons clubblad’. Der waard doe gearwurke mei fuotbalklup De Kooi, de foarrinder fan SC De Jouwer. Neist de gymnastykferiening wie der fuotbal foar manlju en adspiranten, hânbal foar froulju, en atletyk foar manlju, dames en adspiranten. It hichtepunt wie op 9 jannewaris 1959 doe’t de feriening it predikaat ‘Keninklik’ krige by de fiering fan it 75-jierrich bestean. Yn 1957 waard de jierlikse útfiering foar de earste kear yn City hâlden.
Omnyferiening
bewurkje seksjeVKH waard yn de santiger jierren in omnyferiening.[1] De feriening bestie doe út de ôfdielingen:
- gymnastykferiening VKH - die yn 2014 noch mei oan wedstriden, mar hie yn 2019 gjin leden mar
- kuorbalferiening VKH - opgien yn Kuorbalferiening SC Joure
- hânbalferiening VKH - hie yn 2018 gjin leden mear
- badmintonferiening VKH
- basketbalferiening VKH - letter Oaters
- follybalferiening VKH - yn 1993 opgien yn Follybalkombinaasje De Jouwer
Op 1 jannewaris 1993 is de omny-feriening VKH opheft en waarden de ôfdielings selsstannige ferienings.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|