Valdemars Slot
Valdemars Slot (it Slot fan Valdemar) is in slot op it eilân Tåsinge by Svendborg yn it suden fan Denemark.
Valdemars Slot | ||
Lokaasje | ||
lân | Denemark | |
koördinaten | 55° 1' N 10° 39' E | |
Skiednis | ||
stifter | Hans van Steenwinckel de Jongere | |
boujier | 1639-1644 | |
Oars | ||
boustyl | barok, rokoko | |
Webside | ||
Side Valdemars Slot | ||
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeDe Deenske kening Kristiaan IV joech opdracht ta de bou fan in grut bûtenferbliuw, dat tusken 1639 en 1644 neffens in ûntwerp fan 'e Flaming Hans van Steenwinckel de Jongere (1587–1639) boud waard. It eilân Tåsinge wie fan syn skoanmem Ellen Marsvin en it nije bûtenferbliuw moast it hûs wurde foar syn soan Valdemar Kristiaan (1622-1656), dy't er mei syn twadde frou Kirstine Munk hie. Foar de bou waard it tichteby lizzende midsiuwske kastiel Kærsgård ôfbrutsen en it bou materiaal dat frijkaam waard wer op 'e nij brûkt foar de bou fan Valdemars Slot. Valdemar Kristiaan soe dêr lykwols nea wenje en ferstoar yn 1656 by in gefjocht yn Sweedsk-Poalske kriich by Lublin yn Poalen.
De kening joech yn 1678 it slot mei it lân oan 'e seeheld admiraal Niels Juel (1629–1697), nei't dy yn 'e Slach yn 'e Baai fan Køge (1677) Sweden ferslein hie. It lângoed waard oan him skonken as lean foar de Sweedske skippen, dy't er oermastere hie.
Yn 1754 waard it slot yn rokoko-styl restaurearre en yn it ramt dêrfan waard ek de tún op 'e nij oanlein.
Eigendom
bewurkje seksjeIt stamhûs Thorseng, dat letter Taasinge neamd waard, omfieme it eilân Tåsinge en waard op 1 maaie 1711 nei de dea fan Knud Juel troch de âldste soan fan Niels Juel stifte. Yn 1923 waard it stambûs by in Deenske herfoarming opheft. Dêrûnder foelen ek de gebouwen fan it slot mei de grutte stikken lânbougrûn en it boskareaal dat dêrby hearde.
Gebrûk
bewurkje seksjeIt slot wurdt bytiden troch de eigners sels brûkt, mar simmerdeis is yn 'e fakânsjetiid de besichtiging fan 'e pronkkeamers en it jacht- en trofeeënmuseum op 'e souder mooglik. Yn dy tiid is ek it restaurant yn it slot en it kafee yn it teepaviljoen iepene. Fierder wurde der konserten en fairs organisearre. Hast it hiele jier is it mooglik om ien fan 'e fakânsjeweten yn 'e poartegebouwen te boeken.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch: de:Valdemars Slot
|