Van Berkel W-B


Rol Langeôfstânsferkenner
Makker Van Berkel
Untwerper Von Baumhauer
Earste flecht 3 septimber 1920
Yn tsjinst 1920
Ut tsjinst 1933
Tal makke 7
Brûker Marine Loftfearttsjinst
Untwikkele út Hansa-Brandenburg W.29

De 'Van Berkel W-B wie in Nederlânsk langeôfstânswetterfleanmasine mei ien motor dy't begjin jierren tweintich boud waard troch Van Berkel's Patint en ornearre wie foar gebrûk yn Nederlânsk-Ynje.

De W-B fan foaren. De radiateurs ûnder de romp binne sa te sjen
W-B giet omheech de loft yn op in mar by Rotterdam

Untwerp en ûntwikkeling

bewurkje seksje

Om't Nederlân neutraal wie yn de Earste Wrâldoarloch ûnderfûn de Nederlânske kriichsmacht swierrichheden by it krijen fan militêre fleantugen út it bûtenlân. Om de problemen fan sawol de Nederlânske Loftfeartgroep (LVA) as de Marine Loftfearttsjinst (MLD) te ferlichtsjen, moedige it Ministearje fan Oarloch yn augustus 1917 bedriuwen lykas de autofabrikant Spyker oan om harren ek dwaande te hâlden mei de fleantúchbou. De iennige oare fabrikant dy't dêr frijwillich oan meidwaan woe, wie Van Berkel's Patint, in bedriuw dat oprjochte wie om fleisferwurkjende masines te meitsjen. It fabryk stie oan de Keileweg 9 yn Rotterdam. Haad fan de fleantúchôfdieling wie R.J. Castendijk en John Kerner wie haad fan de motorôfdieling. Se begûnen mei de bou, ûnder lisinsje, fan it Hansa-Brandenburg W.12 gefjochtsfleantúch as de Van Berkel W-A, wêrnei't de MLD yn 1919 it bedriuw útnûge om in langeôfstâns-ferkenningsfleantúch te ûntwerpen en te bouwen foar gebrûk yn Nederlânsk-Ynje, basearre op de Hansa-Brandenburg W. 29. It resultaat, de Van Berkel W-B, wie yn grutte halen gelyk oan de W. 29 mar dan wol grutter en sterker: de spanwiidte waard mei mear as 40 % fergrutte en it tastel hie in 360 hk ynstee fan in 150 pk motor.

De romp hie in ienfâldige, rjochthoekige trochsneed. De 270 kW (360 hk) Rolls-Royce Eagle VIII mei wetter kuolle V-12 motor wie yn de noas boud mei bleatlizzende sylinders en in lange eksterne útlit oan stjoerboardside fan de romp. Under de noas sieten twa Lamblin radiateurs. De piloat siet yn in iepen cockpit krekt achter de motor en in stikje nei achteren wie in twadde cockpit foar de skutter. De romp bleau djip en heech nei achteren oant de sturt ta, wat mooglik in bytsje rjochtingsstabiliteit bea by gebrek oan in fêste fin. It sturtflak wie boppe op de romp montearre krekt foar de ekstreme sturt mei in net gebrûklik roer, dat sawol boppe as ûnder de romp útstiek. Dat wie ien fan skaaimerken dy't de W-B sichtber ûnderskiede de W.29, waans roer folslein ûnder e boppekant fan de romp lei.

De loftfeartôfdieling fan Van Berkel waard yn juny 1921 sletten en in sivile ferzje fan de W-B, de W-F, waard nea boud.

Operasjonele skiednis

bewurkje seksje

De W-B fleach foar it earst op 3 septimber 1920. Nei it testen, dêr't út bliken die dat oan de spesifikaasjeparameters foldien waard, waarden seis produksjefleantugen oan de Nederlânske Marine Luchtvaartdienst (MLD) levere. De lêste gie yn desimber 1923 nei de marinebasis Priok yn Ynje. De prestaasjes yn operasjonele omstannichheden fan de W-B wiene teloarstellend. It tastel hie minne fleaneigenskippen en de earste fjouwer waarden al yn 1926 út tsjinst helle; de lêste twa bleaune lykwols noch sân jier yn gebrûk.

Spesifikaasjes

bewurkje seksje
Van Berkel W-B
Feiten
Langte 11 m
Spanwiidte 20 m
Hichte 4,30 m
Oandriuwing 1 × Rolls-Royce Eagle VIII wetterkuolle V-12, 270 kW (360 hk)
Topfaasje 180 km/o (op seenivo)
Fleanberik 1600 km (krúsfaasje)
Maks. fleantiid 7,5 oeren
Bemanning 2 (piloat en observator/skutter)
Brânstofkapasiteit 782 l.
Lading 950 kg (dêrfan 610 kg brânstof)
Bewapening trije masinegewearen

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Van Berkel W-B