De professor Van Winterpriis is in priis foar it bêste boek oer lokale en regionale skiednis. De priis fan € 3500,- wurdt om de twa jier útrikt. Oersjochwurken mei meardere auteurs komme net yn de beneaming. De priis is ynsteld troch it Nederlânsk Sintrum foar Folkskultuer.

De priis is neamd nei prof. dr. Pieter Jan van Winter (1895-1990) en waard yn 2009 útrikt troch syn dochter, de emeritus heechlearaar prof. dr. Johanna Maria van Winter.[1]

Winners bewurkje seksje

  • 2009 - Han Nijdam, Lichem, eare en rjocht yn midsieusk Fryslân. In stúdzje nei de Aldfryske boeteregisters. Nijdam is meiwurker fan de Fryske Akademy ISBN 978-9087040512
  • 2007 - Griet Vermeesch Oorlog, steden en staatsvorming. De grenssteden Gorinchem en Doesburg tijdens de geboorte-eeuw van de Republiek (1570-1680)
  • 2005 - Theo Spek, Het Drentse esdorpenlandschap.
  • 2003 - M.L.J. Schrover, Een kolonie van Duitsers

Keppeling om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. http://www.fa.knaw.nl/fa/temamiddei-oorlog-en-vete