Feda

(Trochferwiisd fan Veda)

De Feda's (wat witte of kennis betsjut) binne fjouwer skriften dy't de grûnslaggen foarmje fan de upanishaden, de Yndiaaske filosofy en harren religys. Se bestean út religieuske hymnen oer God(en), spirituele filosofy, it universum, de natuer en de krekte wize fan libben. Dizze skriften binne ûntstien tusken 1500 en 500 f.Kr.

Rig-Feda, eksimplaar yn it Devanagari út begjin 19e iuw

Nei alle gedachten is de âldste Feda, de Rigfeda, ûntstien by de Ariërs, in Yndo-Jeropeesk folk dat sûnt de 15e iuw f.Kr. Yndia ynloek. De lettere Feda's wurde beskôge as iepenbieringen fan saneamde rishy's of wize stamhaden dy't harren kennis opdienen troch direkte waarnimming yn suver bewust wêzen. Dêrmei hearre sy ta de alderearste religieuske teksten fan de wrâld.

De Feda binne pas frij let nei de útfining fan it skrift opskreaun. Dat hie te krijen my de iuwenâlde tradysje om kennis út de holle te learen. Dat oanlearen fan dizze kennis barde troch spesjale persoanen (pandits) dy't traind wienen de hymnen út de holle te learen. By de religieuske kaste fan de Brahmanen waard dizze kennis faak troch famylje trochjûn. Spesjale fersstruktueren en ritmes soargen derfoar dat de teksten yntakt bliuwe koenen, hoewol't in protte teksten yn de rin fan de tiid toch ferlearn gean soenen.

De fjouwer wichtichste Feda's binne:

Fierders binne der ek noch wat sub-Feda's, lykas de Ayurfeda dy't oer genêskunde giet, de Gandharvafeda oer muzyk en de Sthapatyafeda oer de boukeunst. Al dizze skriften hawwe gjin religieuske ynhâld. Bekender as de Feda's binne de Upanisjaden, dêr't útlis yn jûn wurdt oer de filosofy efter de Feda's.

De Feda's binne skreau yn it tige âlde foarm fan it Sanskryt. In grut oantal wurden dy't brûkt wurde kinne hjirtroch ferskate betsjuttings hawwe, wêrtroch ferskate ynterpretaasjes fan ien tekst mooglik binne.

Midsiuwske kommentaren op de Feda's binne skreaun troch û.o. Sayana en Mahidhara. Resinte kommentaren binne opsteld troch de Arya Samaj, dy't har benammen basearre op tige âlde kommentaren en troch Sri Aurobindo, dy't foarstanner is fan in mear spirituele ynterpretaasje. Der binne ek moderne oersettingen makke troch westerske yndologen krektas Max Müller, Wilson en Griffith dy't harren mar diels basearre op midsiuwske kommentaren. Lykwols hawwe in protte hindoes krityk op dizze oersettingen.

  • Angot, M. L'Inde classique, Soc. éd. Les Belles Lettres, Paris, 2001.

Keppeling om utens

bewurkje seksje