Vilfredo Pareto
Vilfredo Pareto ( Parigi, 15 july 1848 – 19 augustus 1923 ) wie in Italjaansk ekonoom.
Hy yntrodusearre it Pareto optimum foar nutskurves yn de mikro-ekonomy. Ek wie hy bekend troch it Paretoprinsipe: hy konstatearre dat 20% fan de befolking 80% fan it fermogen yn Itaalje besiet. Dizze 80-20-regel is letter op in soad oare saken tapast. Dit prinsipe is basearre op de Zipfdistribúsje.
Pareto is ien fan de grûnlizzers fan de moderne wolfeartteory. Dizze teory makket ynsichtlik ûnder hokker betingsten der in optimale ferdieling fan produksjemiddels ûntstiet en hoe't de wolfeartsferdieling oer de húshâldens bart. Fan belang hjirby is it saneamde pareto-kompensaasjebegjinsel. Dit begjinsel betsjut:
- by in feroaring yn de ferdieling fan de wolfeart komme der ferliezers en winners;
- kinne de ferliezers út de winst fan de winners kompensearre wurde dan is de feroaring pareto-optimaal.
Koartom, in pareto- optimale feroaring yn ferdieling fan de wolfeart is as alle ferliezers foar it Ferlies út de winst fan de winners kompensearre wurde kinne.
Libben
bewurkje seksjeAlhoewol't er al jong in oanhinger fan it liberalisme wie, stoar Pareto as faksist (hy waard koart foar syn dea ta de Italjaanske Senaat beneamd troch Mussolini). De reden fan de bekearing fan Pareto lei yn it opkommende marksisme binnen Itaalje, dêr't de Liberale Partij dêre har net bot tsjin fersette.