Vinanda de Vrij (Ljouwert, 1963) is in byldzjend keunstner dy't út Grou. Nei de oplieding Heger Laboratoariumûnderwiis folge se de spesialisaasje klinyske immunology. Nei 1993 hat se har as byldzjend keunstner autodidakt ûntwikkele troch workshops en kursussen.

Har wurk is meast mei de hân foarme unika en rint fan frije doaskes oant frije foarmen. Vinanda wurket mei glazueren, brûns technyk of (naked) raku stook. Sûnt 2005 leit se har ta op it meitsjen fan bylden dy't dêrnei yn brûns jitten wurde neffens de "cire-perdue" metoade.

De Vrij hat in soad eksposysjes hân, wêrûnder yn it tsjerkje fan Friens, yn de Hannie Mein galery yn Wolvegea en de Iepen Stâl rûte yn Aldeberkeap.


Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: