Vinita Nair
Vinita Nair (Evanston (Illinois), 8 septimber 1981) is in Amerikaansk nijslêzeresse, sjoernaliste en ferslachjouster fan etnysk Yndiaask komôf.
Vinita Nair | ||
tillefyzje- en/of radiopersoanlikheid | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Vinita Nair | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 8 septimber 1981 | |
berteplak | Evanston (Illinois) | |
etnisiteit | Yndiaask | |
wurkpaad | ||
wurksum as | nijslêzeresse, ferslachjouster | |
medium | tillefyzje, radio | |
wurksum by | ABC, NBC, MSNBC, CBS | |
jierren aktyf | 2000 – no | |
offisjele webside | ||
Vinita Nair op Twitter |
Libben en karriêre
bewurkje seksjeNair waard yn 1981 berne yn Evanston, yn 'e Amerikaanske steat Illinois, mar se groeide op yn Colleyville, yn Teksas. Nei in stúdzje sjoernalistyk oan 'e Noardwestlike Universiteit, yn har berteplak Evanston, wie Nair in hoart sjoernaliste by it tydskrift Today's Chicago Woman, en dêrnei ferslachjouster foar Talk Radio News yn 'e Amerikaanske haadstêd Washington, D.C.
Har tillefyzjekarriêre begûn Nair as algemien ferslachjouster by WGEM-TV, in pleatslike stjoerder yn Quincy (Illinois), dy't liëarre wie oan it nasjonale netwurk NBC. Letter wurke hja by WYCC-TV yn Chicago en it Evanston Community Cable Channel yn Evanston, foar't se ferfear nei Lincoln, yn Nebraska, dêr't se by KOLN/KGIN-TV foar it earst as nijslêzeresse wurksum wie, yn útstjoerings op 'e moarn en de middei. Har earste jûnsnijsútstjoerings presintearre Nair by KWGN-TV yn Denver, dêr't se yn july 2004 kaam te wurkjen.
Yn desimber 2007 krige Nair har grutte trochbraak doe't se in baan wist te besetten by de Amerikaanske lanlike stjoerder ABC, as nijslêzeresse/ferslachjouster fan it ABC News op 'e digitale fariant fan 'e stjoerder. Fan 2008 ôf wie se by ABC ek gewoan op 'e tillefyzje te sjen as nijslêzeresse fan World News Now en America This Morning. Yn beide programma's waard hja keppele oan ko-presintator Jeremy Hubbard, en letter oan Rob Nelson. Op 18 febrewaris 2011 fersoarge Nair by ABC har lêste útstjoering, wêrnei't se in hoartsje nijslêzeresse wie by MSNBC/New York, yn 'e programma's Early Today on NBC en First Look on MSNBC, dy't beide op 'e iere moarn útstjoerd waarden.
Nei't Nair yn 2012 befallen wie fan in jonkje, fûn se yn jannewaris 2013 in nije baan by de nasjonale stjoerder CBS, as nijslêzeresse fan CBS This Morning:Saturday, dat se presintearret mei Anthony Mason. Dêrnjonken wurket se as korrespondinte foar it programma CBS Newspath en as ynfalpresintatrise fan Up to the Minute.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |