Vliegheide
De Vliegheide, is in heidegebiet fan 12 hektare by Bikbergen, east fan Bussum yn Noard-Hollân. It is in stowâlgebiet en heidekompleks mei dêryn lytsere stikjes stosân en ferspraat opslach fan houtgewaaks mei oan de rânen leaf- en nuddelbosk. It wurdt beheard troch it Goais Natuerreservaat.
De heide foarme ea mei de Limityske en Nij Bussummerheide, in oanslutende bân fan heide fan de Naarder Eng oant de Tafelberch- en Blaricummerheide. Troch boskoanplant en fillawiken is dizze bân yn it ferline ûnderbrutsen. Der wurdt oan wurke om dy situaasje te werstellen, om sa planten en bisten fan de heide wer trochgong te bieden.
Yn de earste desennia fan de tweintichste iuw wie der faak fleanderij op in saneamde vlieghei of vliegkamp, dêrfandinne de namme.