Volk in Nood, Eendracht Groot (monumint)
Volk in Nood, Eendracht Groot is in monumint ta oantins oan de boargerslachtoffers fan de Twadde Wrâldoarloch yn de stêd Snits.
It monumint toant twa minsken mei in boek boppe harren holle, dy 't de iendracht fan de Snitser befolking by it ferset ferbyldet. It byls is makke fan sânstien en is fan de hân fan Romke de Vries. De ûntbleating fan it byld barde yn 1956 op de hjoeddeiske lokaasje pan de Toppenhústerdyk yn de wyk Sperkhim.
Op it monumint stiet te lêzen:
VOLK IN NOOD
EENDRACHT GROOT
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|