Volzjsk (Russysk: Волжск) is in stêd yn de autonome republyk Mari El yn Ruslân. Eartiids hiet it plak Lopatino (Russysk: Лопатино), mar by de ferliening fan de stedsstatus yn 1940 krige Volzjsk de hjoeddeiske namme.

Volzjsk
Flagge Wapen
Polityk
Lân Ruslân
Oblast Mari El
Sifers
Ynwennertal 52.703 (2021)
Oerflak 39,47 km²
Befolkingstichtens 1335,27 ynw./km²
Hichte 60 m
Oar
Stifting 1931 (stêd yn 1940)
Simmertiid (UTC+3)
Koördinaten 55° 52' N 48° 21' E
Webside Side fan de stêd

Op de lokaasje lei eartiids in plak mei de namme Lopatin of Lopatino. Yn 1940 krige Volzjsk de tsjintwurdige namme en stedsrjochten.,

De stêd leit likernôch 100 km súdeastlik fan Josjkar-Ola oan de kant fan de Wolga en 5 km fan de mûning fan de Ilet. De ôfstân ta Kazan is 40 km. Volzsjk leit oan it ein fan in ôftakking fan it spoar dat fan Moskou oer Kazan nei Jekaterineburch rint; de autowei fan Moskou oer Tsjeboksary nei Kazan en Jekaterineburch (M-7) leit likernôch 30 km súdlik fan de stêd. Volzjsk is it bestjoerssintrum fan it rajon mei deselde namme.

Befolkingsûntwikkeling

bewurkje seksje
Jier 1939 1959 1979 1989 2002 2010 2022
Befolking 19.486 33.412 52.035 60.919 58.967 55.659 52.703