Voyage au bout de la nuit
Voyage au bout de la nuit (Frânsk, betsjutting: "Reis nei de ein fan 'e nacht") is de earste roman fan Louis-Ferdinand Céline, út 1932.
Ferhaal
bewurkje seksjeReis nei it ein fan 'e nacht beskriuwt de aventoeren fan haadpersoan Ferdinand Bardamu, yn feite in alter ego fan Céline. Hy wurdt op hast autobiografyske wize folge, earst yn de Earste Wrâldoarloch, oan it front yn Flaanderen (1917), dêr't er in dekoraasje krige en permaninte lichaamlike ferwûnings oprûn; dêrnei is der sprake fan in koarte libbenslange en ûngelokkige koloniale karriêre yn Afrika (1916-1917); letter giet er nei de Feriene Steaten, dêr't er ûnder oare ûndersyk docht nei de arbeidsomstannichheden by Ford yn Detroit (Céline hat dit ek sels dien en publisearre om dy tiid syn krityske essay La médecine chez Ford). Uteinlik einiget Bardamu (lykas Céline sels) as dokter yn Clichy, in foarstêd fan Parys.
Karakterisaasje
bewurkje seksjeReis nei de ein fan 'e nacht kin sjoen wurde as in roman oer de banaliteit en sinleazens fan it libben, hoewol't de ein (Bardamu syn fêstiging as dokter) ek sjoen wurde kin as de konklúzje fan in bildungsroman: Nei de ellinde dy't er sels by syn omswalkjen yn de âlde en nije wrâld kend en sjoen hat, sil Bardamu fan no ôf it minsklik lijen profesjoneel ferhelpe. Lykwols makket it syn eigen bestean amper sinfoller, mar noch mear betize as it al wie.
Reis nei it ein fan 'e nacht wurdt foar in grut part karakterisearre troch Céline syn libbene taal, mei it brûken fan hyperboal en it proses fan weilitten (passaazjes oerslaan, dy't de lêzer dan sels ynfolje kin). Dochs kin syn taal yn Reis nei it ein fan 'e nacht noch keppele wurde oan klassike proazafoarmen en hat Céline de ritmyske taal noch net fûn, dy't typysk is foar syn lettere wurk (syn "petite musique", mei de karakteristike trije stippen). Dat feroaret neat oan it feit dat in protte Céline-fans it boek noch altyd as in hichtepunt sjogge, foar in protte ìt hichtepunt fan Céline's wurk.