Vsevolod Michailovitsj Garsjin (Russysk: Все́волод Миха́йлович Гаршин) (Prijatnaja Dolina, gûvernemint Jekatarinoslav, 14 febrewaris 1855 - Sint Petersburch 5 april 1888) wie in Russyske skriuwer fan koarte ferhalen.

Vsewolod Michailowitsj Garschin

Doe't Garsjin 7 jier âld wie seach er hoe't syn heit him te koart die. Dat hat er syn libben lang by him hâlden.

Yn de Russysk-Turkse Kriich (1877-1878), waard er oproppen foar militêre tsjinst en waard er soldaat by de ynfantery. Hy rekke ferwûne by in slach yn Bulgarije. De lju fan syn ienheid mochten him graach lije.

Alles wat er doe meimakke hat de basis foarme fan syn earste ferhalen, lykas 'Fjouwer dagen'. It is in ''monologue interieur'' fan in ferwûne soldaat dy't foar dea op it slachfjild efter litten is, mei neist him it lyk fan de Turkse soldaat dy't er dêrfoar dea dien hie. It ferhaal lit dan al Garsjin's empaty, foar alles wat libbet oer, sjen.

Hoewol't er al betiid sukses hie mei it skriuwen, waard er út en troch pleage troch geastlike sykte. Op syn 33e sprong er fan de fiifde ferdjipping fan sy flat en stoar fiif dagen letter yn in Reade Krús sikehûs.

Garsjin hat net folle skrean: 20 ferhalen, bondele. De geast fan moederaasje en begrutsjen yn syn wurk wurdt wol fergelike mei dat fan Dostojevski. Yn 'In tige koarte roman' ûndersiket er de ûntrou fan de frou fan in ynfalide helt. 'Dat wat net wie' is in fabel mei dieren en planten yn minsklike omstannichheden. Yn lettere ferhalen hat Garsjin wer oer de Russysk-Turkse Kriich skrean. Iroany is fierders in skaaimerk fan syn wurk.

Syn meast bekende en meast karakteristike ferhaal is 'De reade blom', it earste fan in rige gekkehûs ferhalen yn de Russyske literatuer. (De folgjende wie Tsjechov syn 'Seal nr. 6'). Yn dat ferhaal komt Garsjin's syklike, moralistyske gefoelichheid ta in hichtepunt. It is de skiednis fan in gek dy't obsedearre is troch de winsk om de duvel út te daagjen en te ferslaan. Hy ûntdekt dat alle kwea yn trije klaproazen sit dy't yn 'e midden fan de sikehûstún waakse. Troch syn bewakers te ferrifeljen slagget it him de blommen te plôkjen. Uteinlik stjert er troch geastlike útputting, mar it is him dochs rom om it hert dat syn libben ta in ein is. Ferromming mei in iroanyske ûndertoan, sa as faker by Garsjin. De neare, trystige atmosfear fan it gekkehûs is tige goed delset yn dit ferhaal.

Keppeling om utens

bewurkje seksje