Wâldsein Fersekeringen
Woudsein Verzekeringen wie in ûnderlinge fersekeringsmaatskippij út Wâldsein dy't oprjochte waard yn 1816.
De maatskippij krige by oprjochting de namme 'Onderlinge Brandwaarbog Maatschappij van Woudsend.
Troch tanimmende skaalfergrutting waard Wâldsein Fersekeringen yn 1980 oernomd troch Stad Rotterdam. Beide maatskippijen hâlden lykwols harren identiteit. De namme bleau bestean en it haadkantoar bliuwt yn Wâldsein.
Yn 2000 ûntstiet Fortis ASR neidat it beursnotearre 'ASR Verzekeringsgroep' en 'Fortis Verzekeringen Nederlân' fusearje. ASR bestie al sûnt 1997 út 'Stad Rotterdam', 'Woudsend Verzekeringen' en de yn 1997 taheakke 'De Amersfoortse' en de 'Europeesche Verzekeringen'.
Yn 2005 binne de trije labels AMEV, Stad Rotterdam en Wâldsein opgien yn it nije label Fortis ASR. Wâldsein rekke wat langer wat mear de bân mei fersekeringen kwyt. De Europeesche Verzekeringen (yn Amsterdam) en Ardanta (Ynskedee) hâlde in eigen posysje. Fortis falt yn 2008 en oan reorganisaasje falt net te ûntkommen. Der wurken doe noch 250 minsken yn Wâldsein.
Simmer 2009 kaam it berjocht dat it kantoar yn Wâldsein ein 2012 slute sil.