Waach (Frjentsjer)
De Waach fan Frjentsjer, ek wol 't Coopmanshûs neamd, waard yn 1657 boud oan 'e Foarstrjitte en is letter wizige.
Op de foargevel fan de waach sit in gevelstien mei it stedswapen.
Neidat it gebou de waachfunksje ferlear hie it ûnder oare as bestimming postkantoar en wie it letter ûnderdiel fan it Museum 't Coopmanshûs. Der sit no (2007) in winkel yn.
-
gevelstien mei stedswapen