Foarstrjitte (Frjentsjer)

strjitte yn Frjentsjer

De Foarstrjitte (Nederlânsk en offisjeel: Voorstraat) is in wichtige strjitte dy't yn east-westrjochting troch it sintrum fan 'e Fryske stêd Frjentsjer rint. Oan 'e eastkant begjint er by de krusing by it plein de Bredepleats. De strjitte dy't dêr út it suden wei komt, hjit ek Bredepleats. Oan 'e eastkant fan dy krusing hjit de strjitte yn it ferlingde fan 'e Foarstrjitte it Sint-Martinyplantsoen (dat mei in bocht om 'e Martinytsjerke hinne rint).

De Foarstrjitte yn Frjentsjer, sjoen fan 'e T-krusing mei it Riedhûsplein ôf yn 'e rjochting fan it Sjûkelân.

In foege 30 m yn westlike rjochting fan dy krusing ôf, foarmet de Foarstrjitte in T-krusing mei it Riedhûsplein, dat nei it noarden tarint. Fan dat punt ôf hat de Foarstrjitte yn westlike rjochting noch in lingte fan sa'n 200 m. Likernôch healwei dat trajekt wurdt de strjitte yn twaen spjalte troch in geandewei úttynjende grienstripe mei ienrjochtingsferkear oan beide kanten. Dy sitewaasje is ûntstien by de werynrjochting fan 'e Foarstrjitte yn 'e jierren 2004-2005.[1] Uteinlik komt de Foarstrjitte oan 'e westein, by it Sjûkelân (dêr't simmerdeis de PC ferkeatst wurdt), út op 'e fan noard nei súd rinnende Fiverstrjitte.

De Foarstrjitte is ien fan 'e wichtichste winkelstrjitten fan Frjentsjer. Sa binne dêr Blokker, Etos, de HEMA, Lodewijk Mode voor Mannen, Mollema Music World, Petra Lodewijk Mode en Scapino fêstige. Ek de SNS Bank hat der in fêstiging, en fierder sit oan 'e noardkant Sineesk-Yndysk Restaurant Baolong. Healwei de Foarstrjitte sit oan 'e súdkant fierders Museum Martena yn it monumintale Martenahûs, mei dêrefter de Martenatún. Earder siet datselde museum (ûnder de namme Museum 't Coopmanshûs) yn 'e Waach, dy't oan deselde kant fan 'e Foarstrjitte stiet. Fierder yn 'e rjochting fan it Sjûkelân sit oan 'e noardkant op nûmer 76 it Keatsmuseum. Foarhinne wie de iepenbiere bibleteek ek oan 'e westein (noardkant) fan 'e Foarstrjitte fêstige, mar dy is koart nei de iuwwiksel ferfearn nei in nij pân oan it Sint-Martinyplantsoen.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • 100.000+ Stratenboek, Rotterdam (Shell Nederland Verkoopmaatschappij B.V.) / Eindhoven (Suurland Falkplan B.V.), 31e druk, 1995, kaart 83.

  1. Vevap.nl Foarstrjitte Frjentsjer.